De Jonge is ferantwurdlik foar koroanawanbelied

jannewaris 27, 2021 15:13

Ynstjoerd

Yn de Ljouwerter Krante fan 8 jannewaris faget Rimmer Mulder de flier oan mei Twadde Keamerleden dy’t krityk hawwe op koroanaminister Hugo de Jonge. Neffens Mulder driuwt de honger nei media-oandacht de Keamerleden fan de opposysje derta winst helje te wollen út de pandemy.

Mar lit ús ris nei de feiten sjen. Dan blykt dat it belied fan De Jonge (en premier Rutte) ien oanienskeakeling is fan flaters en ferkearde ynskattingen. It kabinet kaam al gau nei it begjin fan de pandemy, laat troch it RIVM, mei it plan it Covid-19-firus út te rûgjen troch groepsymmunteit: as mar genôch minsken besmet reitsje soene, soe koroana út himsels útdôvje. Wylst se dochs betinke koene dat it tsientûzenen deaden kostje soe by in mortaliteit fan sis 1-2% ûnder de besmette minsken. Lang om let krong dat ek troch ta de ferantwurdlike politisy en doe hearde men dêr gjin minske mear oer. De Jonge betocht de “coronamelder” en it “coronadashboard”. Hy ferwachte it heil fan dy gimmicks, mar om beide hinne is it fertocht stil wurden.

Hiele ekonomyske sektoaren lizze ûnderwilens plat troch de strange tichtplicht (lockdown) sûnder dat dúdlik is wat harren bydrage oan de besmettingen is. Botte konsekwint is it belied net, sa binne yn prinsipe drogisten iepen. Foar in part wurde dêr deselde artikels ferkocht as bygelyks by de HEMA, dy’t wol ticht is. Kappers binne al wer tiden ticht, mar sjoen it kreaze kapsel fan Ruttte en De Jonge, hawwe dy dêr gjin lêst fan. Der wurdt dúdlik mei twa mjitten metten.

It is hiel ynkonsekwint dat we op de telefyzje aloan programma’s sjogge dêr’t nimmen him of har oan de oardel meter hâldt, itselde jildt foar de reklame. Hoe kin men dan ferwachtsje dat it gewoane folk him dêr wol oan hâldt? Wêrom ferbiedt de oerheid dat net, as dy konsekwint wêze wol?
Nederlân hold wol hiel lang alle grinzen iepen, wylst it bûtenlân easke dat Nederlanners in negative koroanatest toane koene. No is it belied folslein trochslein en moatte reizgers út it bûtenlân net allinnich in negative PCR-test toane, mar dêrnjonken ek noch in “sneltest” ûndergean dy’t yn in protte lannen net iens beskikber is. Dêrtroch sitte no in protte Nederlanners fêst yn it bûtenlân!

In blamaazje foar Nederlân yn ferliking mei alle oare lannen is de lette start fan de faksinaasjekampanje troch in foute gok op it AstraZenecafaksin, ynstee op dat fan Pfizer-BioNTech of Moderna. De Jonge reagearre lakonyk op de krityk. “Och, een week eerder of later maakt weinig uit”, wie syn reaksje wylst er dochs betinke koe dat eltse wike letter minsken it libben kostet. No wurdt der dan lang om let wol yninte, mar feroaret aloan it belied fan de folchoarder fan yn te intsjen persoanen. Noris krije âlderen foarrang, dan wer sikehûs- of ferpleechhûspersoniel. Der is gjin peil op te lûken. De Jonge liket him wat prioriteit oanbelanget liede te litten troch wa’t it lûdst balt. Boppedat hat Nederlân de pech dat just it AstraZenecafaksin mei leveringsproblemen kampt. Lannen as Israël ha no al mear as de helte fan de befolking yninte, wylst it yn Nederlân noch wol oant de simmer duorje kin. It kabinet hat no in jûnsklok ynfierd dy’t nei alle gedachten amper helpt mar wol ta grutte rebûlje laat yn de grutte stêden.

Hoe dan ek, it is foar my ûnbegryplik dat Mulder de minister de hân boppe de holle hâldt. Net de Twadde Keamer, mar de minister is ferantwurdlik foar de útfiering fan it belied. Dat it kabinet ûnderwilens opstapt is troch de taslagge-affêre docht dêr neat oan ôf.

Jehannes Elzinga
Frjentsjer

jannewaris 27, 2021 15:13
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Johannes Rozenga jannewaris 27, 15:46

    Mulder dy skriuwt ynstjoerde stikken dy ‘t krom binne en nearne mei wat te krijen hawwe. Hy tinkt dat hy wit, hy eamelet mar wat. Spitich datsto sa op Huge de Jonge ôfjoust, wylst de kweade man Mark Rutte is. Hy is de baas fan ‘t spul. Lokkich hâlde de measte minsken harren oan 1,5 m, mûlekapke en de jûnsklok. De jûnsklok is goed tsjin de jongerein dy’t elke jûn byinoar kamen. Dyn opmerking oer de faksins rekket kant noch wâl. AstraZenecafaksin, wie de earste beskikber en Pfizer-BioNTech of Moderna.moasten wachtsje op tastimming. AstraZeneca ferkeapet it oan heechste bieder en dat binne wy no krekt net, dêrom is der te min foar ús.

  2. Johannes Rozenga jannewaris 27, 15:49

    Rutte (VVD) is ferantwurdlik foar it koroanawanbelied, moat de kop fan dit artikel wêze.

  3. Kees van der Beek jannewaris 27, 18:48

    Lekker maklik, sa ôfjaan op de minsken, dy’t de hite koallen út it fjoer helje moatte. It is wol dúdlik dat de ‘bêste’ stjoerders ek no wer net yn De Haach wenje, mar yn Frjentsjer en yn de Westhoeke.
    Wa’t hjir ek mar in stoer better fan wurden is, bringt op it stuit koroana nei ‘t tsjerkhôf. Kom op sis, hjir wurdt in minske net better fan!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.