By Knol en Posthumus ‘efter de skerms’

jannewaris 12, 2021 09:06

Ynstjoerd

Sijbe Knol en Sybren Posthumus, FNP-fraksjefoarsitter yn Provinsjale Steaten en FNP-Steatelid, wolle graach dat ik ris op it Provinsjehûs delkom om te sjen hoefolle oft de FNP ‘efter de skerms’ wol net út ’e wei set foar de Fryske taal en it Frysk ûnderwiis (‘De FNP en it Frysk yn it ûnderwiis’, Friesch Dagblad, 9 jannewaris).

De FNP ferset ommers safolle wurk, en as ik efkes frege hie by myn ‘kwalitatyf prima kollega’s’ dy’t it Steatewurk folgje, dan hie ik dat witten en hie ik okkerdeis net safolle krityk hân op de partij (‘Lûkt FNP hannen ôf fan it Frysk ûnderwiis?’, Friesch Dagblad, 7 jannewaris). Ik hie nammers fêststeld dat fan de 65 parseberjochten dy’t de FNP yn 2020 de wrâld ynstjoerd hat, net ien it Frysk ûnderwiis as ûnderwerp hie.

Knol en Posthumus kinne net Frysk lêze. Myn stik gie deroer dat de FNP him yn 2020 net yn de media profilearre hat mei it Frysk ûnderwiis. In pear sitaten. Ut ’e lead: ‘De FNP profilearre him yn 2020 yn de media inkeld symboalysk mei de Fryske taal en joech oan it Frysk ûnderwiis al hielendal gjin omtinken.’ Twadde alinea: ‘Likegoed is it nijsgjirrich om wer ris te sjen hoe’t de FNP himsels profilearre hat no’t it nije jier úteinset is.’  Fierderop: ‘(..) dat de Fryske taal yn de FNP-propaganda wol foarútbuorke is, mar likegoed beheind bliuwt ta in pear sympatike gjalpen dêr’t je maklik mei ‘skoare’.’

In partij dy’t graach wol dat er op him stimd wurdt, sil kiezers dúdlik meitsje moatte wêr’t er foar stiet. Dat dúdlik meitsjen c.q. profilearjen fynt ornaris plak yn en fia media. It is hiel sympatyk dat Knol en Posthumus mei amtners en de deputearre oerlis hawwe ‘achter de skerms’. Mar it smyt tink dalik gjin stimmen op. En, wat noch belangriker is, it feroarsaket gjin omtinken foar de saak fan de Fryske taal en it Fryske ûnderwiis yn kranten, blêden, op radio, telefyzje en sosjale media. Dêrom myn fraach: ‘Lûkt FNP hannen ôf fan it Frysk ûnderwiis?’

Dat: betterskip yn 2021 en 2022 tawinske, FNP. Dan witte wy kwalitatyf twiveleftige boargers miskien yn 2023 op wat partij wy stimme moatte.

Abe de Vries

jannewaris 12, 2021 09:06
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Jabik jannewaris 13, 11:19

    Abe hat in punt. Te faak hear ik dat de FNP net in taalpartij wêze wol. Fansels heart de partij breder te wêzen mar de eangst om te folle foar in taalpartij fersliten te wurden liket no te lieden ta deadskestilten as it oer it Frysk giet. Frysk is de rêchbonke fan de partij tinkt my.

  2. Abe jannewaris 13, 11:49

    Krityk op ’e FNP? Dan bine wy dy de bek

    Tsjong. Sûnt juster kin ik net mear sjen wat FNP-Steatelid Sybren Posthumus, in folksfertsjintwurdiger, op syn Facebooksite oan politike stânpunten, mieningen en sinjalen útsutelet. Blokkearre. Op in berjocht fan Posthumus dat de krante dêr’t ik wurkje, it Friesch Dagblad, ‘hurd úthellet’ nei it Haachske koroanabelied, joech ik in reaksje. Dy reaksje noaske de folksfertsjintwurdiger blykber net.
    Wat wol it gefal? It FD brocht okkerdeis in grut, kritysk opinystik fan FD-sjoernalist Wybe Fraanje oer de koroanakwestje (‘De strijd tegen corona bracht schade aan fundamentele rechten en vrijheden’, 11 jannewaris). Posthumus, dy’t behalve oer Spaanske ynlânske saken ek oer it Nederlânske koroanabelied gauris allerhanne krityske lûden trochbriefket op syn Facebooksite, fûn dat in hiel goed stik, sa liet er witte. Allinnich, hy die dêrby krekt as wie dat op persoanlike titel skreaune artikel it lûd, de miening, it stânpunt fan de krante sels. Nee fansels. In opinystik is net by definysje it lûd fan ’e krante. Mei it pleatsen fan opinystikken jout de krante nijsgjirrige, goed ûnderboude of niteljende mieningen de romte. Mieningen oer maatskiplike kwestjes dy’t spylje, mieningen dy’t yn de ‘mienskip’ reaksjes oproppe kinne.
    No hie ik krekt sels in licht ferfelende reaksje fan Posthumus lêzen oer in allike grut opinystik dat ik efkes earder yn it FD skreaun hie. Myn stik gie oer it feit dat de FNP him yn 2020 yn de iepenbierens net profilearre hat mei stânpunten oer it Frysk ûnderwiis (‘Lûkt FNP hannen ôf fan it Frysk ûnderwiis?’, 7 jannewaris). FNP-fraksjefoarsitter yn de Steaten Sijbe Knol en Sybren Posthumus reagearren dêr in pear dagen letter op mei in koart skriuwen, ek op de opinyside fan it FD. Ut harren reaksje moast bliken dwaan dat se ‘efter de skerms’ (sic) in soad wurk út ’e wei setten. Fandatoangeande moast ik myn ljocht mar ris opstekke by myn ‘kwalitatyf prima kollega’s’ op de redaksje.
    Tsja. Sa kinne je der wol fan ôfmeitsje wolle, mar sterk is soks net. Dat al dat wurk ‘efter de skerms’ bleaun is, wie no krekt de kwestje. It sinjaal dat fan sa’n reaksje útgiet? Hâld dy de snút, jonkje. ‘We rule this country.’
    Alles goed en wol, mar sa fiere wy gjin iepenbiere politike diskusjes en sa binne wy yn Fryslân net troud mei de FNP, of mei watfoar politike partij dan ek. Myn koarte útlis op de Fb-site fan dizze folkstribuun oer it ferskil tusken in opinystik en de miening fan in krante besleat ik dus mei, tajûn, in weromstikel. ‘As Posthumus – dy’t earne oars yn in reaksje op in oar opinystik skriuwt sljocht te wêzen op ‘kwalitatyf prima’ sjoernalisten – sokke ienfâldige en maklik te kontrolearjen wierheden al mei opsetsin ferdraait om’t soks him blykber better útkomt, wat moatte wy dan tinke fan syn politike mieningen en stânpunten? Bliuw sljucht en rjucht, Sybren, dan stim ik yn 2023 wer op dy. Oars net.’
    It wurdt dat lêste, bin ik bang. Net.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.