Burokrasy en kompjûter
Resint ferskynd
Ynlieding
Yn 2006 is ús mem stoarn en wy hawwe dêr doedestiids, sa’t dat heart, de bank oer ynformearre mei kopyen fan it bewiis fan stjerren fan de gemeente Ede.
Yn ’e rin fan ’e jierren krigen wy geregeld in brief fan de …bank. Acht kear hawwe wy útlein dat ús mem stoarn wie en dat de rekken opheft wurde koe.
Yn desimber 2020 kaam der in brief fan de …bank, dat de rekken beëinige wurde soe om’t dy al 24 moanne net mear brûkt waard!
Wy hawwe no mar, út namme fan ús mem, in brief út de himel wei skreaun:
Achte direkteur klanteservice …bank:
Foar alle korrektens wol ik jo fertelle, dat ik al 169 moanne! gjin gebrûk makke haw fan dy rekken. Dat hat dermei te krijen dat yn de himel gjin betel- en pinautomaten binne. Digitaal bankierjen wol hjir ek net slagje.
Persoanlik fyn ik it wol spitich dat ik gjin fleurich jurkje skoare kin. Foarhinne wie dat altyd wol sa maklik mei dat paske fan jo.
Mar Petrus hat sein dat it hjir benammen om it geastlike giet en net om it úterlik, dat únderwilens by in 108-jierrige net mear sa kreas is.
Ik hoopje dat jo de brief wol krije, it binne nammentlik wol grutte ôfstannen.
Folle lok en seine yn it nije jier.
Mei in himelske groetnis,
……
Foarhinne wie der in programma op telefyzje: ‘Ek dat noch’. Faak wie der in dokumentêre yn oer de ûnferbidlikens fan burokratysk kompjûterbuorkjen.
De les is: it giet altyd mar troch en troch…
Matthijs Verkuijl
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje