Buorfrou Durkje

jannewaris 17, 2021 11:45

Foto © Matthijs Verkuijl

In lytsskalich suvelbedriuw yn Vegelinsoard en Nij Beets mei it biedwurd:

“Fuotten yn it fean,
holle yn de wyn,
kij yn de greide en
tsizen op de planke.”

Durkje hat yn Vegelinsoard in 100% biologysk suvelbedriuw, tegearre mei har man en yn Nij Beets mei har mem.

Yn de rin fan de jierren, fan 2012 ôf, is it oantal produkten tanommen ta sa’n 32. Alderhande floeibere suvel lykas yochert, fla, sûpe, molke en fansels ferskate tsiissoarten, bygelyks de 48+ Fryske krûdtsiis en gouden Beetster turfkes. De tsizen rypje benammen op de pleats fan har mem.

Underwillens hat se kontakt mei tsien ferkeappunten yn ús provinsje en sels yn Grinslân, en der kin ek fia De Streekboer online besteld wurden. By ferskillende restauranten steane har gerjochten op de menukaart. No, yn de koroanatiid, leit dat lêste wat stil, mar der komme wol in soad klanten by har thús.

De kij, in stik of 25, steane safolle mooglik bûten en se hat dêrnjonken ek noch wat jongfee. Der moat noch in njie stâl komme, mar no steane se by de buorman, dêr’t Durkje om 6 oere, by it lemieren fan de dei, al warber is mei de kij. Winterdeis rinne de skiep noch op it lân.

Yn 2017 hat se in priis krige foar har fernijende ûndernimming mei it doel om biologysk, ambachtlik en duorsum te wurkjen en fansels mei leafde foar minske en dier.

Moai om te sjen dat lytskalige bedriuwen harren plak fine njonken de grutte winkels.

Matthijs Verkuijl

jannewaris 17, 2021 11:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.