“Britske firusfariant kin yn Nederlân al yn maart dominant wêze”

jannewaris 17, 2021 08:51 Fernijd

Foto: pixabay.com

De Britske fariant fan it koroanafirus kin al yn de twadde of tredde wike fan maart it dominante firustype wêze yn Nederlân. Dat soe dan grutte gefolgen ha foar kapasiteit yn de sikehuzen. Ernst Kuipers fan it Landelijk Netwerk Acute Zorg warskôget dêrfoar yn in fraachpetear mei de NOS.

Demisjonêr minister De Jonge makke fan ’e wike bekend dat it no by 3 oant 5 persint fan de besmettingen yn Nederlân om de Britske fariant giet. Kuipers seit dat as de fersprieding dêrfan krekt sa hurd giet as yn Ingelân en Ierlân, yn Nederlân rekken holden wurde moat mei in pykbelêsting dy’t like heech is as yn de earste koroanaweach.

Kuipers seit dat elkenien sa gau mooglik faksinearre wurde moat en de meast kwetsbere minsken mei foarrang.

jannewaris 17, 2021 08:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.