Bouwe de Boer: Fryslân – Skjinnerlân 46

jannewaris 1, 2021 07:00

In protte Brede Wolfeart

Kollum

Soms hat men fan dy wiken dy’t ‘hingjen’ bliuwe. Dat bart as der ferbannen ûntsteane dy’t men dêrfoar noch net seach. Ik hie sa’n wike doe’t it CBS (Centraal Bureau voor de Statistiek) syn ‘Regionale Monitor Brede Welvaart’ útbrocht. Dy monitor jout in jierliks ynsjoch yn de ûntwikkeling fan Nederlân op fjirtich punten. Dy geane dizze kear net allinne oer it Bruto Nasjonaal Produkt, mar ek oer gelok, sûnens, freonskippen, natuer, skjinne lucht, wurknocht, ûnderwiis ensafuorthinne. Dan komt ús lân der yn de Europeeske listkes spitigernôch hiel wat minder foarwei.

En doe mocht ik krekt nei in lêzing dy’t by NHL Stenden holden waard troch Christian Felber, de ferneamde Eastenrykske oanjeier fan de ekonomy fan de ‘Common Goods’ (mienskiplik guod). Felber krigegt hieltyd mear oanhingers, benammen yn Europa. Hy pleitet foar in ekonomy dy’t in nije balâns siket. Felber stelde ûnder mear in list fan santjin yndikatoaren op dêr’t ûndernimmingen op beoardiele wurde. Dan giet it net allinne oer jild, mar ek oer ekology en oer hoe sosjaal, solidêr en demokratysk oft in bedriuw is. Yn de ekonomy dy’t Felber foarstiet krije bedriuwen dy’t as goed beoardiele wurde foardielen, bygelyks dat se minder belesting hoege te beteljen. Hy hâldt út dat winstbejei, konkurrinsje en eigenbelang yn striid binne mei de minsklike weardichheid, solidariteit, duorsumheid, rjochtfeardicheid en demokrasy. Dat sil ynhâlde dat minsken leaver wurkje wolle by bedriuwen dy’t heech skoare op de Common Goodlist.

Ik fernim dat no al by studinten. Jongelju wolle fan betsjutting wêze. Se wolle in bydrage leverje oan wolwêzen, gelok, miljeu, de klimaatkrisis ensafuorthinne. As de ideeën fan Felber ynfierd wurde, hat dat as gefolch dat de studinten hieltyd mear ynsjoch krije yn wêr’t se wol en wêr’t se net wêze moatte. Gefoelsmjittich witte se dat al wol, mar befêstiging is nedich om it systeem groeie te litten.

Yn deselde wike waard ik wiisd it ‘Veerhuis’…. Dat is in stichting dy’t mei ûlseagen oansjocht hoe’t de ierde leechrôve wurdt. En dan benammen troch ‘grûnbesitters’. As antwurd hat de stichting in aksje betocht om mei-inoar fia crowdfunding grûn op te keapjen en dy werom te jaan oan ‘elkenien’. Op dy wize wurdt dy grûn oan it systeem fan winstbejei en útputting ûntlutsen en benut foar it algemien nut. Ik haw fuortdaliks foar dy stichting (in stikje) grûn kocht!

Is der hoop? Nei sa’n wike bin ik dêr wis fan, en net sa’n bytsje ek!

Bouwe de Boer wennet yn Akkrum en is projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân – Skjinnerlân.

jannewaris 1, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.