Automobilisten faksinearre yn sniestoarm Amearika
Resint ferskynd
Soarchmeiwurkers yn de Amerikaanske steat Oregon kamen ôfrûne wike fêst te sitten mei in lading faksins. Om’t se bang wiene dat de faksins net langer hâldber wêze soene, besleaten se om automobilisten te freegjen oft se harren ynintsje mochten.
De soarchmeiwurkers wiene ûnderweis nei in faksinaasjelokaasje doe’t se yn in sniestoarm telâne kamen. De faksins dy’t se by har hiene, moasten binnen seis oeren likernôch fyftich kilometer fierderop wêze. Normaalwie duorret dat ritsje trije kertier. Mei’t foar harren in trekker de dyk blokkearre, tochten se dat it noch wol oeren duorje soe foar’t se fierder ride koene.
Hja stapten út en rûnen by auto’s del en fregen bestjoerders oft se yninte wurde woene. Ien fan harren wie sa optein dat er fuortdaliks it himd útluts. De measte bestjoerders moasten laitsje en wegeren freonlik. Dochs waarden alle beskikbere doases brûkt.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje