Alvestêderûte wurdt moandei ferkend
Resint ferskynd
Yn 2021 al 24 jier gjin Alvestêdetocht
Op moandei 4 jannewaris is it alwer 24 jier lyn dat Henk Angenent as earste oer de streek kaam op de Bonkefeart. De Alvestêdetocht yn 1997 wie de fyftjinde en spitigernôch de lêste tocht dy’t organisearre wurde koe troch Feriening De Fryske Alvestêden. Dêrmei is Nederlân hurd op wei nei in spitich jubileum: 25 jier gjin Alvestêdetocht.

Alvestêdetocht 1986 (foto: Wikipedia/Rob Bogaerts-Anefo – publyk domein)
Sûnt 1997 is de trochsneed temperatuer yn Nederlân goed oardel graad omheechgien. It KNMI berjochte ein desimber dat it ôfrûne jier, mei 2014, it waarmste jier ea wie. Klimaatferoaring begjin him hieltyd dúdliker te manifestearjen en hat spitigernôch ek tige negative gefolgen foar alle leafhawwers fan natueriis.
Om stil te stean by de gefolgen fan klimaatferoaring en it spitige jubileum fan it útbliuwen fan de Alvestêdetocht, binne stifting Friesland Beweegt en stifting Cycling 4 Climate fan doel om op 4 jannewaris 2022 in grut fytsevenemint fan goed 200 kilometer by de Fryske Alvestêden lâns te organisearjen.
Ta tarieding op it 25 jier útbliuwen fan de legendaryske tocht, wurdt de rûte fan de Alvestêdetocht moandei troch âld-dielnimmer Bert Thalen en duorsumheidsekspert Joost Brinkman fytst. De tocht is streekrjocht te folgjen op www.cycling4climate.nl/elfstedentocht.
Minsken dy’t oan de fytstocht yn 2022 meidwaan wolle, kinne har registrearje fia de websiden: www.frieslandbeweegt.frl en www.cycling4climate.nl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje