Ald-Cambuurtrainer Henk de Jonge ferstoarn

jannewaris 20, 2021 19:16

Ald-Cambuurtrainer Henk de Jonge is dizze wike op 74-jierrige leeftyd ferstoarn. Dat meldt de fuotbalklup op syn webside. De Jonge wie haadtrainer fan SC Cambuur fan 1980 oant en mei 1983.

De Jonge wie yn syn lêste jier as einferantwurdlike tichtby promoasje nei de Earedivyzje. Nei in fyfde plak yn de reguliere kompetysje kaam SC Cambuur dat jier mar ien punt tekoart yn de neikompetysje. Nei syn tiid by Cambuur wie De Jonge noch efkes aktyf foar NAC Breda en net lang dêrnei ferdwûn er út de fuotballerij mei psychyske klachten.

Wol hold er kontakt mei Cambuur. Yn in ynterview mei Voetbal International út 2016 ferklearre hy syn âlde klup de leafde: “De mooiste tijd was die bij PSV. Maar de club waar ik het meeste van hou, is Cambuur.”

Oant de ein fan syn libben ta bleau hy belutsen by de klup. ‘SC Cambuur verliest met De Jonge een bevlogen en fanatieke oud-trainer met een groot clubhart’, is te lêzen op de webside fan Cambuur.

Boarne: Omrop Fryslân

jannewaris 20, 2021 19:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.