Aant Mulder: It komt op ’e kop ferkeard

jannewaris 19, 2021 07:00

Kollum

As âld-ûnderwiisman en as pake deart it my oan dat de skoallen wer langer tichtbliuwe en dat it net dúdlik is wannear’t se wer iepengeane. De iene maatregel jaget de oare. De hiele ôfskoatteling duorret al fan 16 desimber ôf. Hoewol’t earst 18 jannewaris as eindatum neamd waard, is dat op dit stuit al wer trochskood oan 9 febrewaris ta. Dat jjildt no ek foar de skoallen. Dat de bern sitte wer wiken thús en dat is al foar de twadde kear sa. Nei skoalle ta is no werombrocht ta in ynternetferbining en digitale helpmiddels. Programma’s as Junior Einstein slane foar master op! Dat is allegearre goed bedoeld, mar it komt fansels op ’e kop ferkeard.

De âldste pakesizzer efter de kompjûter. Foto © Aant Mulder

De skoaldei mei alle aksje dy’t dêrby heart, bliuwt no beheind ta in digitaal skermke. De kontakten fan de bern mei-inoar en mei de juf of master, it praten en bepraten, it foar- en neidwaan en dat soarte fan dingen bliuwt op in skermke net folle fan oer. Der stiet wat der stiet. Wa’t dêr genôch oan hat, hat gelok. Wa’t wat oan de juf of master freegje wol, hat mar beheinde mooglikheden. Heit en mem, dy’t al drokten en swierrichheden genôch ha as it om it de húshâlding en it eigen wurk giet, moatte der ornaris mei rêde. Dat betsjut byinoar sitte en tagelyk lêst faninoar ha of oars algeduerigen ûnderweis wêze fan de iene sliepkeamer nei de oare. Dan ha ’k it noch net iens hân oer minne ferbiningen en te min digitale skermen en ek net oer heiten en memmen dy’t net mear krekt witte hoe’t it sit. It kin net oars, dat komt op ’e kop ferkeard.

Hoe’t it no krekt om en ta giet, wit ik net. As âld-ûnderwiisman en as pake stean ik fansels op ôfstân. Likegoed wurdt dy ôfstân yn dizze dagen hurd lytser. Fan de heit en mem hearre we hast alle dagen oer de swierrichheden as it giet om thúsûnderwiis. Wy begripe dat en wolle ek wol helpe. Dat hat der ta laat dat ik no mei de pakesizzers frekwint digitaal ferbining ha. Ien fan de trije sit yn groep 8. Dy ha ik benammen yn de earste ôfskoatteling aardich en net sûnder sukses begelaat. Hoe’t dat famke in skoalkar meitsje moat is my lykwols folslein ûndúdlik. De minister seit dat by dy skoalkar heech ynset wurde moat. Wêr moat dat ta liede as alle bern dat dogge en de kennis of it ynsjoch der net echt is, wylst se dêr sels neat oan dwaan kinne? Dat komt dus ek op ’e kop ferkeard.

Wy sjogge no fierstente folle nei de ein fan de tunnel,
wylst we net witte wêr’t dy ein krekt is en wylst we al hielendal net witte hoe’t de wrâld oare kant de tunnel derút sjocht.

Ik soe wolle dat skoallen wer iepengeane, har fansels oan de oardel meter ôfstân hâlde en dat der programma’s komme dy’t dêrby passe. Wurkje mei heale groepen of noch lytser as dat moat. Brûk konsekwint mûlekapkes. Alle bytsjes helpe. Of set de juf of master yn in pleksiglêskabine, mar doch wat! In heale skoaldei is altyd better as gjin skoaldei. Wy moatte net tinke, dat de swierrichheden op 18 jannewaris of op 9 febrewaris foarby binne. Likegoed meie de efterstannen net fierder oprinne. Wy sette in hiele generaasje op efterstân. De oeren dy’t ferlern gien binne moatte sa gau mooglik ynhelle wurde. Meitsje de skoaldagen langer, set mear minsken yn en rop net te gau dat roasters te yngewikkeld wurde. Begjin ek net daliks oer jild.

Dat jild is der wol. Dat komt goed. Sjoch mar nei alle steunpakketten. De minsken binne der ek. Sjoch mar nei alle ûntslaggen. Jou dy minsken opliedingen dy’t it bêst by har passe en set se yn op skoallen, yn sikehuzen en op strjitte. Wurkje no en yn de takomst konsekwint ta op de oardel meter en meitsje dingen mooglik foar de minsken dy’t har dêroan hâlde. Wy sjogge no fierstente folle nei de ein fan de tunnel, wylst we net witte wêr’t dy ein krekt is en wylst we al hielendal net witte hoe’t de wrâld oare kant de tunnel derút sjocht. Dat is suver in eigenskip fan in tunnel. Oan de iene kant kin it der hiel oars útsjen as oan de oare.

LIkegoed wol ik heiten en memmen grutte kompliminten jaan. Dy dogge har stjonkende bêst. Ik wol de juffen en masters ek kompliminten meitsje. Dy dogge wat se kinne. Dat bringt my wer by myn jongste pakesizzer. Ik ha op dit stuit yntinsyf digitaal kontakt mei him. It like him earst wol nei fleanen. It kealle swier, mar hy en ik, wy ha trochset en no giet it as it slydjaget, alle dagen weroan. Hy lêst wat er dwaan moat en dat docht er. Ik hâld him by de les en lis fan en ta in pear dingen út. Dat moat ik hast hielendal pratendewei dwaan. Dat falt net ta. Besykje it mar ris. Likegoed hat er my, wat dat oanbelanget, heech. Op skoalle wit no eins elkenien yn syn groep wol dat hy in digitale ‘pake’ ta syn foldwaan hat. Syn juf die sels fia him in berop op my om as ‘mystery guest’ de learlingen te helpen om de wa, wat, wêre, wannear en hoe- fragen digitaal te oefenjen. Dat waard in moai en learsum healoerke. In foarbyld fan in skoalle, in juf, dy’t dochs besiket om digitaal de goede dingen te dwaan. Kompliminten. Sokke foarbylden binne der aldergelokst folle mear.

Trije pakesizzers digitaal aktyf. Foto © Aant Mulder

No’t it jannewaris is, komme my de nasjonale foarlêsdagen yn ’t sin. Dêr heart ornaris in foarlêsmoarnsbrogge op skoalle by. Dy dagen begjinne op 20 jannewaris. Faaks binne de skoallen dan wer iepen, mar likegoed moatte se dan foarsichtich bliuwe. Ik soe it dêrom moai fine as dêr digitaal wat fan makke wurdt. Ik wit wol, it giet om de lytsere bern, mar de gruttere ha der ek faak aardichheid oan. Ik rop Cedin, Afûk. biblioteken op om te dwaan wat se kinne. By de bernsbern leit Omke Ûle past op fan Paul van Dijk klear. Dat is de maklike kant it neist, mar wy ha it fansels wol oer net-Frysktalige pakesizzers.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 16 jannewaris yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
jannewaris 19, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.