Aant Mulder: It fleant my oan

jannewaris 12, 2021 07:26

Kollum

Begjin jannewaris lies ik in berjocht oer in auto dy’t út de bocht fleach. Dêr stie boppe: ‘Auto fleant út ’e bocht.’ Ik tocht, dat kin hielendal net. Dy auto fleant net, mar fljocht út ’e bocht. Likegoed wie ik dêr net hielendal wis fan. It Frysk Hânwurdboek jout my lykwols gelyk. It is: fleane, ik flean, do fljochst, hy fljocht. Datselde docht ek bliken út it Frysk Wurdboek. It betsjut dat de goede, mar tagelyk ûnregelmjittige foarmen, do fljochst en hy fljocht, yn dit gefal paadromje moasten foar de regelmjittige foarmen do fleanst en hy fleant. Spitich, mar dat ferskynsel komt faker foar. It bringt my by de lûdwikseljende tiidwurden.

It is better dertroch te fleanen, as troch te krûpen. Foto © Aant Mulder

Lûdwikseljende tiidwurden binne tiidwurden mei yn de do- en hy-foarm in oar en dus in ôfwikend lûd. It aardige fyn ik, dat dat lûd ornaris tagelyk it lûd fan de doetiid is. Ik jou in foarbyld. Feie: ik fei, do fagest, hy faget, wy feie. It ôfwikende lûd a is dat fan de doetiid: ik fage, do fagest, hy fage, wy fagen en fan it mulwurd ik ha fage. Fan sokke tiidwurden ha we der aardich wat. Dy tiidwurden steane faai. Wy sizze ommers hieltyd faker: ik fei, do feist en sa fierder. Of net dan? Yn wurdboeken en grammatika’s wurde dy regelmjittige foarmen ek hieltyd faker tusken heakjes neamd. Dy heakjes sille wol ferdwine. It is in net te kearen proses. Wolle we dat net, dan ha we ûnderwiis nedich en dat ha we wat dat oanbelanget te min. Dat liket wol op fleanen. O ja, fleanen, dêr hie ’k it dus oer.

It tiidwurd fleane is likegoed in prachtich tiidwurd dat we yn dizze tiid fan it jier hiel goed brûke kinne. Guon fan ús sille oer ferline jier grif sizze dat de tiid fleach of krekt oarsom, dat it allegearre net sa hurd fleach. Yn dat koroanajier waard it ek hieltyd lestiger om út eigen fearren te fleanen. Stipe fan de oerheid waard wichtich. Guon fûnen dat dy maatregels wol nei fleanen liken en dy ha sadwaande faaks de fûgel oer it net fleane lieten. Dat kin wer betsjutte dat guon nei de wearlich flein binne (fallyt gien binne). Fan en ta tinke we wolris dat de lytse middenstanners earder nei de wearlich fleane as de grutte bedriuwen, dat dus de lytse miggen yn it web hingjen bliuwe en de grutte dertroch fleane.

Alles wat net goed giet, komt alle jûnen wol yn praatprogramma’s oan ’e oarder.

As we foarútsjogge nei it ynintsjen, komme my samar wer in pear fan sokke siswizen yn ’t sin. Alles wat net goed giet, komt alle jûnen wol yn praatprogramma’s oan ’e oarder. Dan witte we allegearre wer, hoe min oft it der yn ús lân foarstiet. Dat nijs fljocht as diggelfjoer. Wat swierrichheden oanbelanget wurdt wol sein dat it better is om der trochhinne te fleanen as te krûpen. Dêr tinke se yn de nijsprogramma’s dus oars oer. Dat in fûgel sûnder wjukken net fleane kin, wurdt te min oan tocht. Sûnder helpmiddels en de goede ôfspraken slagje de dingen no ienris net. Dy faksins moatte der dus wol wêze. Hawar, as guon dingen misbeteare, dan ropt de Twadde Keamer de ferantwurdlike ministers nei de Keamer ta. Dêr wurdt har wer dúdlik makke dat fûgels mei te folle fearren net heech fleane, dat men it mei te folle ynbylding net fier bringt. Dat hoecht dy ministers net te fernuverjen fansels, want wat heger men fljocht, wat leger men saait. Dy útdrukking is grif wol dúdlik. Der is wolris in Keamerlid dat fan in minister tinkt, dat men in stien wol yn ’e loft smite kin, mar dat er dêr gjin fleanen fan leart. Dat betsjut dat wa’t it net yn him hat, it ek nea leare sil.

No samar. No it tiidwurd sels. Fleane mei de foarmen: ik flean, do fljochst, hy fljocht, is dus sa’n ûnregelmjittich en lûdwikseljend tiidwurd. Wat ûnregelmjittich is, wol maklik regelmjittich wurde. Dat is eins wol logysk. Dat betsjut dus dat it samar fleane, ik flean, do fleanst, hy fleant wurde kin. Dat barde dus yn dat neamde berjocht. Wa’t goed harket, komt wol op mear foarbylden. Yn dyselde snuorje hearde ik in foarsitter fan in Fryske organisaasje sizzen: ‘Do ferspriedst dat berjocht wol.’ Ik hie leaver hân dat er sein hie: ‘Do ferspraatst dat berjocht wol.’ It soe ommers wêze moatte: ferspriede, ik ferspried, do ferspraatst, hy ferspraat. Dat feroaret dus. Dy gong fan saken is dus fan itselde lekken in pak.

Wat heger men fljocht, wat leger men saait. Foto © Tom Coehoorn

Noch in foarbyld. Doe’t ik in pakesizzer oan de telefoan frege, sei de mem: ‘Hy sliept noch.’ Wy fine it allegearre hiel gewoan dat dat sa sein wurdt: sliepe, ik sliep, do sliepst, hy sliept. Dat is likegoed in lûdwikseljend tiidwurd, dus sliepe, ik sliep, do slepst, hy slept. Yn ’e literatuer stiet no noch dat beide foarmen lykweardich binne, mar de lûdwikseljende foarmen wurde gewoan âldfrinzich fûn en net mear brûkt. Sa giet it dus.

Noch in pear fan sokke lûdwikseljende tiidwurden: stjitte, ik stjit, do staatst, hy staat; bliede, ik blied, do bletst, hy blet. Dy foarmen reitsje we dus kwyt, om’t we dy net mear kenne. Wy binne no al safier dat beide foarmen tastien binne. Dat betsjut dat de regelmjittige foarm fansels de goede foarm wurdt.

Hiel gongbere lûdwikseljende tiidwurden wurde noch wol goed brûkt. Ik tink oan: laitsje, ik laitsje, do lakest, hy laket, wy laitsje, of: meitsje: ik meitsje, do makkest, hy makket. It binne gongbere tiidwurden, mar tagelyk saneamde je-tiidwurden. Dat soe der grif mei te krijen ha kinne. It liket my suver in nijsgjirrich ûnderwerp foar ûndersyk ta.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 9 jannewaris yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
jannewaris 12, 2021 07:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.