Aant Mulder: In skûlk is net om te skûljen
Resint ferskynd
Kollum
De harkers en de lêzers fan dizze kollum binne allegearre wol op de hichte fan It Nijs. Dat is in ynternetside mei in grut ferskaat oan nijs- en oare berjochten. Dat nijs is yndield yn wrâldwiid, Benelúks en út de Fryslannen. Dy berjochten wurde allegearre yn it Frysk brocht. It docht jin gjin nij dat benammen it nijs út de Fryslannen wei aardich wat oandacht kriget. De lêste tiid falt op dat yn dy rubryk in protte omtinken jûn wurdt oan it Sealtersk of it Seeltersk, sa’t se dêre sels sizze. Ik kin samar trije artikels opneame: Groetnis út Sealterlân: ‘Brauchtum’?, Groetnis út Sealterlân: drege wurden. Groetnis út Sealterlân: In Sealterfrysk wurd foar ‘mûlekapke’. It hat der alles fan dat Groetnis út Sealterlân: in rige wurdt. Dat hat grif wer te krijen mei it feit dat ien fan de redakteuren fan It Nijs dêr no foar in part syn wurk hat. Dat omtinken is moai, mar hoe komt it mei it nijs út de oare Fryslannen? Dy moatte fansels net fergetten wurde.
Sealterlân, Seelterlound sizze de minsken sels, is in nijsgjirrich gebiet yn de dielsteat Nedersaksen yn Dútslân, by Nije Skâns sa’n fyftich kilometer oer de grins. It is ien gemeente mei trije doarpen: Strücklingen (Strukelje), Ramsloh (Roomelse), Scharrel (Schäddel) en Sedelsberg (Seedelsbierich). Dat gebiet wie eartiids in soarte fan sâneilân middenmank it fean. In ideaal plak foar East-Friezen dy’t earne yn de tolfde iuw foar it hege wetter flechtsje moasten en har dêr nei wenjen setten. It ferklearret tagelyk it komôf fan it Sealtersk. Wylst de East-Friezen sels de eigen taal kwytrekke binne, bestiet dy yn Sealterlân noch fuort. It Sealtersk wurdt noch troch goed tûzen minsken praat. Wa’t mear oer de taal witte wol kin ik de hiemside: Seeltersk.de oanriede. Sealterlân is in moai en nijsgjirrich gebiet. Ik ha der in pear kear west en dat kin ik jimme allegearre oanriede.

Boarne: Wikimedia Commons
Werom nei de artikels oer it Sealtersk op It Nijs. It ferhaal Groetnis út Sealterlân: In Sealterfrysk wurd foar ‘mûlekapke’. bleau my yn it ûnthâld hingjen. Yn dat artikel stiet te lêzen dat yn Sealterlân in wedstriid útskreaun waard om in eigen wurd foar ús mûlekapke te betinken. Der wiene aardich wat meidoggers. De winner waard Felix Fischer, dy’t it wurd ‘sküüldouk’ betocht, skreaun mei in dûbele u/umlaut. Dat wurd waard op It Nijs oerset as: skûldoek, beskermdoek. Moai betocht en de betsjutting is folslein dúdlik. It is in doek om te skûljen, om te skûljen foar it koroanafirus. Lêzendewei luts ik lykwols ferkearde konklúzjes. Oft it no kaam troch dy dûbele u/umlaut, of troch it ferklearjende ‘skûl’ yn skûldoek, dat wit ik net mear, mar it wie wol sa.
Sadwaande binne de beide neamde skûldoeken, dy om ôf te drûgjen en dy om efter te skûljen homonimen. Dat binne wurden dy’t gelyk binne en gelyk klinke, mar ferskillende betsjuttingen ha.
By skûldoek moast ik hast as fansels tinke oan skûlk. Dat wie foar my altyd gewoan in doek om mei ôf te drûgjen. It hat skoften duorre foar’t ik wist hoe’t dat wurdt krekt yninoar stuts. In skûlk is eins in skûteldoek en dat betsjutte dat ik dy doek dus wol goed brûkte. Skûtels binne ommers skalen mei rânen om iten yn op tafel te setten en dy moasten dêrnei ôfwosken en ôfdrûge wurde. Yn it Frysk Hânwurdboek wurde skûldoek en skûlk as farianten fan skûteldoek neamd. Dat ik my fersinde, is dus net sa hiele raar. In skûldoek kin ommers in doek wêze om ôf te drûgjen. Hie ’k wat mear omtinken hân foar de omskriuwing ‘beskermdoek’, dan hie ’k earder oan it tiidwurd skûlje tocht.
It giet dus om it je-tiidwurd skûlje. It komt folle faker foar dat in je-tiidwurd yn ’e mande mei in haadwurd in nij haadwurd foarmet troch de -je- fuort te litten. It soe samar de haadregel wêze kinne: Tink oan: harje en spit = harspit, eamelje en skûte = eamelskûte en skûlje en doek = skûldoek dus. Sadwaande binne de beide neamde skûldoeken, dy om ôf te drûgjen en dy om efter te skûljen homonimen. Dat binne wurden dy’t gelyk binne en gelyk klinke, mar ferskillende betsjuttingen ha. In pear oare foarbylden fan homonimen: earm kin in lichemsdiel wêze, mar it kin ek betsjutte dat men net folle jild hat. In bank kin men noflik op sitte, mar men kin der ek jild hinne bringe.

Boarne foto’s: Wikimedia Commons
Hawar in skûldoek is yn it Sealtersk dus in doek om efter te skûljen. Dat je-tiidwurd skûlje is likegoed nijsgjirrich brûkt. By skûljen tinke we ornaris oan ferbergje, beskûl of beskerming sykje. Wy skûlje foar in bui of sa. Yn al dy situaasjes giet it om de persoan yn syn hiele hear en fear. As we in skûlplak ha, kinne we der hielendal yn, kinne we dêr hielendal terjochte. Tink mar oan Mei ik dan by dy fan Claudia de Breij. Der is ek noch wol in siswize, dy’t dat moai dúdlik makket: Wol efter in hekkelstôk skûlje kinne. Dat kin sein wurde fan immen dy’t wol hiel meager is. No betsjut it yn dat Sealtersk wurdsje sküüldouk eins dat we mei noas en mûle skûlje foar firussen. Dat we dan tagelyk hielendal beskerme binne en sa dus eins hielendal foar dat firus skûlje, dat is dochs wol moai fûn. Prachtich dat sa’n wurd op sa’n wize brûkt wurde kin.
Nij betochte wurden reitsje net faak ynboargere. Sjoch mar nei it Nij Frysk Wurdboek fan Asing Walthaus en Maria Del Grosso yn ’e Ljouwerter krante. Dêr giet it no oer Sense of place. Gjin wûnder fansels. It is bedoeld as in earbetoan oan de hommels ferstoarne Joop Mulder. Ik ha op Facebook al in tal útstellen besjoen. Ien ding is dúdlik, foar Sense of place in oar wurd betinke, dat falt net ta. Ik bin benijd. Hawar, it wurdsje Sküüldouk liket my in slagge oersetting ta. Dat is sa moai betocht dat it grif gewoan yngong fynt yn it Sealtersk. En wêrom soene wy it net brûke kinne?
Goeie, Aant! Tank foar it omtinken foar ús wedstryd. Wat ‘skûlk’ oangiet: miskien fynst dit ek noch wol nijsgjirrich:
https://www.neerlandistiek.nl/2020/07/waarom-heet-een-theedoek-in-het-fries-skulk-en-in-het-nederlands-niet/