Aant Mulder: Flagge ferkeard

jannewaris 5, 2021 07:00

Kollum

No’t ik yn it nije jier nochris weromsjoch nei ’t âlde, komme bylden fan flaggen my yn ’t sin. No binne flaggen fan alle tiden, mar likegoed ha ik it gefoel dat ferline jier mei flaggen dingen barden dy’t nij wiene. Guon siswizen kamen my by dat weromsjen yn ’t sin. Dat stiet as in flagge op in dongpream. Dat jilde foar myn gefoel fan en ta foar it flagjen sels. Der waard ek ûnder falske flagge fearn. De flagge duts ek lang net altyd de lading. Guon minsken lieten de flagge ek raar oer guon dingen waaie, seine en diene aaklike dingen. En oars waard de flagge wol heech opspikere, hiene se gâns fertoan. Ik fyn net dat we, wat it brûken fan de flagge oanbelanget, mei flagge en wimpel slagge binne.

Moai sok taaleigen, mar wêr slacht it eins op. De flagge heart wat my oanbelanget yn it foarste plak by lannen, lânsdielen, provinsjes, gemeenten, stêden en doarpen. Flaggen dêr’t in protokol by heart. Mar it ferskaat is fansels folle grutter. TInk oan ynternasjonale en oare organisaasjes. Flaggen mei reklame lit ik mar gewurde. De flagge is eins sa it symboal fan groepen dêr’t men by hearre wol, oan meidwaan wol. Dat wie my al dúdlik doe’t ik jierren ferlyn in Fryske flagge krige om op de mominten dy’t der foar my en foar Fryslân ta diene, flagje te kinnen. Sûnt wit ik dat flaggen ferbine, mar ek skiede. Dat betsjut dat wat mear flaggen der komme, wat mear groepen der binne. Dat soene we eins net wolle moatte. Sa kom ik by 2020.

Ferline jier begriep ik dat mear mei de flagge dien wurde koe as allinne mar flagje, mei de flagge yn top of healstôk. Ynienen waarden flaggen ûnderstboppe ophongen. Dat waard earder wol dien as skippen yn need rekken. Dat flagjen yn need is troch guon organisaasjes oernommen, mar dan yn in figuerlike betsjutting. It wiene net allinne de boeren dy’t de flagge omkearden. De lju fan de giele heskes en dy fan de Black Lives Matterbeweging diene dat ek en faaks noch wol. De flagge waard op mear ferskillende wizen brûkt om te protestearjen. De Grinslanners leine yn 2017 al in knoop yn de eigen flagge om omtinken te freegjen foar de problemen om de gaswinning hinne. Dy knoop yn de flagge kamen we ferline jier ek wer by de boeren tsjin.

It jout allegearre in byld fan dit ferdielde lân mei hieltyd mear ynwenners
mei hieltyd wer oare belangen

Dat provinsjeflaggen bûten de eigen provinsje en troch lju fan oare provinsjes ek brûkt wurde kinne om te protestearjen en te demonstrearjen waard dúdlik doe’t we Fryske flaggen yn Noard-Brabân en Noard-Hollân seagen. Sa waard dúdlik makke dat it belied fan Fryslân better fûn waard as dat fan de eigen provinsjes. Men freget jin hast ôf wat noch mear betocht wurde kin. Flaggen ferbrâne? Dat soe kinne, mar de Brabânske boeren ha dat ek al mei de eigen flagge dien. Dat kin, want yn ús lân stiet dêr gjin straf op. Wylst flaggen hieltyd faker en hieltyd wer oars foar ferskillende doelen brûkt wurde, komme der ek hieltyd mear flaggen by.

Wa’t siket fynt in grut ferskaat oan foarbylden. Der is sels al in koroanaflagge (Met elkaar Voor elkaar!). Dêr binne fierder boereflaggen mei foarken derop, de flaggen fan Farmers Defence Force, swarte flaggen. It jout allegearre in byld fan dit ferdielde lân mei hieltyd mear ynwenners mei hieltyd wer oare belangen. Ik hoopje dat it yn 2021 allegearre wer wat rêstiger wurdt. Dat der yn goed oerlis goede oplossingen betocht wurde. Fierder soe it moai wêze as de koroanaflagge en de Black Lives Matterflaggen mei gauwens opburgen wurde kinne, gewoan om’t se net mear nedich binne.

Ien flagge ha ’k noch net neamd en dat is de LGBT- of LHBT-flagge. It giet om in lestige Ingelske of Hollânske ôfkoarting foar: lesbysk, gay, biseksueel en transgender. In lestige namme, mar it sil net oars kinnen ha. Dy flagge fyn ik ek lestich. Ik moat hieltyd oan dy fan Skylge tinke. Ik kin der ek neat oan dwaan. Fjouwer fan de seis kleuren binne ommers gelyk. Hawar de reinbôgeflagge is in flagge dy’t rûnom yn de polityk bepraat en oannommen is. Ik leau dat we yn Fryslân net sa hastich wiene. mar dat is no ek klear. Likegoed sit ik tangele mei flaggen as dy fan Black Lives Matter en de reinbôgeflagge. Ik kin de ferhalen wol folgje. Ik bin it der ek wol mei iens. En dochs.

Moat ik dy flaggen no ek ophingje of kin ik dat oan de oerheden oerlitte! Ik soe sa graach wolle dat ik mei ien flagge ta kin. Oant no ta slagge dat: de Fryske flagge. Dy flagge betsjut ommers wêr’t ik foar stean: minskerjochten, dat we gelyk binne, dat we deselde rjochten en plichten ha, dat we demokratyske frijheden ha en dat we inoar wat romte foar it Frysk en foar Fryslân gunne. Wy binne net gelyk, mar wy kinne inoar wol gelyk behannelje. Dat dêrom soe ik jimme freegje wolle om hieltyd faker dy iene flagge foar kar te nimmen.

Ik bin mei taaleigen begûn. Dêr wol ik ek mei ophâlde. Wy moatte de flagge net fan immen waaie litte (net op immen ôfjaan). Fan en ta de flagge strike is neat net slim (tajaan dus). Far ek net ûnder oarmans flagge (dus net fan it sukses fan oaren profitearje). Om my hoecht wat dizze kollum oanbelanget de flagge ek net op it hinnehok. (Dat wurdt wol út ’e gek sein by nuvere, ûnferwachte dingen). It binne eins stik foar stik deugden dy’t ús yn it nije jier goed fan pas komme. Minder flaggen en flagje sa’t it heart. Dêrom winskje ik jimme ta dat we yn it nije jier faak mei-inoar de Fryske flagge waaie litte, thús en op ’e toer.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 2 jannewaris yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

jannewaris 5, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jangerben Mulder jannewaris 5, 09:05

    Dongpream is wol hiel seft útdrukt Aant. In flagge op in strontpream liket hielendal nearne nei.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.