167 keunstwurken ynstjoerd nei oprop Bries

jannewaris 24, 2021 08:51

Keunstnerskollektyf PROP, ‘Sweetie, why’d you grab this?’, 2021

Mar leafst 167 keunstwurken waarden ynstjoerd as reaksje op de iepen oprop fan Bries.

Mei keunstinisjatyf VHDG waarden keunstners oproppen om te reagearjen op de koroanatiid. De winnende wurken binne fan: Pedro Bakker, Machteld van Buren en Peter van Lier, Gosse Koopmans, Christiaan Kuitwaard, Aafke Ytsma en keunstnerskollektyf PROP (Jan Herman de Boer, Nikki Bil en Hanna Engelsman-Kitschke).

Dy seis wurken binne fan 28 jannewaris ôf te sjen yn in grutte bûtenútstalling, op posters oeral yn Fryslân. Se wurde ek toand op it Instagramakkount @FrieseBries. Wolle jo sels ek sa’n moaie poster foar it rút? Op freed 29 jannewaris en 5 febrewaris kinne jo ien fergees ophelje by it kreamke foar it Frysk Museum yn Ljouwert. Op = op.

Besjoch hjir alle ynstjoeringen.

jannewaris 24, 2021 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.