Yntekenaksje foar earbetoan oan it Fryske doarpskafee

desimber 21, 2020 10:15

Utjouwerij Wijdemeer is in yntekenaksje begûn foar it boek Van Spanga tot Moddergat. Het café als ziel van het Friese dorp. Yn dat boek fan sjoernalist Wio Joustra en Fotograaf Anna Huizinga binne 22 Fryske doarpskafees portrettearre yn wurd en byld.

Foto: Anna Huizinga/boarne: Utjouwerij Wijdemeer

Yn syn ynlieding hellet Wio Joustra Geert Mak oan, dy’t it âlde doarpskafee fan Jorwert omskreau as ‘húskeamer, doarpshús en teäterseal yn ien’. Net allinnich Jorwert hie sa’n kafee: yn hast alle Fryske doarpen wiene de kafees de moetingsplakken fan it doarp. Sûnt de ierste tiden wurdt dêr praat en kaart, feestfierd en rouwe.

En doe kaam, oan it begjin fan dizze iuw, yn de tinbefolke regio de demografyske krimp, fergrizing en in flinke finansjele krisis. En yn 2020 kaam de koroanakrisis der nochris oerhinne. In tal doarpskafees hat dat net oerlibbe, mar in bjusterbaarlik protte hawwe de holle dochs boppe wetter holden. De fearkrêft fan de doarpsbewenners is grut en dat jildt wis ek foar de útbaters fan de doarpskroegen. God en de winkellju meie dan ferdwûn wêze, it kafee hâldt stân. Faak as iennige noch oerbleaun trefpunt fan in lytse mienskip.

It boek ferskynt sa gau’t der by de útjouwer 200 yntekeningen ynkommen binne. De priis fan it boek mei hurd omkaft is € 19,90. In stikmannich kafees binne ôfhelpunt foar it boek. Hokker oft dat binne is te sjen op de yntekenside fan útjouwerij Wijdemeer: www.teken-in.nl.

desimber 21, 2020 10:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.