Yn ferwachting

desimber 20, 2020 08:00 Fernijd

Oertinking by Lukas 1, 26-38

Boarne pixabay.com

Hja hjit Maria. Dat is in namme mei in hiel libbensprogram deryn besletten. De Hear, Gods sels, is ‘bitter’. It docht sear as in minske mei God te meitsjen kriget. Der wurde skuorren makke, in minske wurdt skansearre, der komt bloed, en triennen streame. “Wa kin God sjen en libje?” Dizze jongfaam wurdt oanrekke fan God en hja hjit Maria. Foar har leit in libben fan ferwachting en fan fertriet. It bern dat se draacht sil libben wêze en jaan, mar syn mem sil derfan lije.

Hja sil in paad gean dat har Soan giet. Krekt foardat Hy de lêste reis oangien is hat Er mei syn Heit praat en frege: “Soe dit my net foarbygean meie?” En dan lit Er derop folgje: “Net wat Ik wol, mar jo wil mei barre.”

No seit syn mem omtrint itselde; as hat se it al foar it ferstân hoe slim oft it komme sil: “Sjoch de faam fan de Hear, lit der mei my barre sa’t Jo seine.”

Yn it folsleine gebed, dat Jezus syn minsken learde, wurde sokke wurden oan ús allegearre op ’e lippen lein: ‘Lit jo wil dien wurde.’ Sa wurdt Maria beskikber foar God en stiet hja foar it hiele folk, foar de hiele minskheid.

ds. Pieter Miedema

Oernommen út Us dagen binne yn Syn hannen, De Tille 1977
desimber 20, 2020 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.