Wykoersjoch koroanasifers Fryslân 4 oant en mei 10 desimber 2020

desimber 12, 2020 10:23

Hast fjirtich persint mear besmettingen

It tal koroanabesmettingen berûn yn Fryslân fan ’e wike 973; de wyks dêrfoar 703. It is net dúdlik hoe’t dat sa slim tanimme koe, want al wikenlang jilde deselde maatregels. Of it soe wêze moatte dat it neilibjen dêrfan fersloppet. Gegevens fan it RIVM wize yn dy rjochting.

Ofrûne wike is in rekôrtal fan 11.061 testen ôfnommen, 2300 mear as in wike earder.
Yn fiif gemeenten binne aardich wat mear besmettingen. Yn Dantumadiel twa kear safolle, yn Noardeast-Fryslân, It Hearrenfean, Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren gâns wat mear as dêrfoar, yn Harns lykwols de helte minder.

Nije besmettingen fan dizze wike (tusken heakjes ferline wike): Súdwest-Fryslân 291 (191), Noardeast-Fryslân 111 (64), Ljouwert 106 (92), De Fryske Marren 79 (55), Smellingerlân 65 (49), It Hearrenfean 50 (29), Waadhoeke 45 (33), Dantumadiel 40 (21), Opsterlân 36 (35), Achtkarspelen 36 (28), Eaststellingwerf 34 (30), Weststellingwerf 32 (29), Tytsjerksteradiel 28 (25), Harns 11 (21), It Amelân 4 (1), Skylge 4 (0), Flylân 0 (0) en Skiermûntseach 0 (0).

Mei de 973 positive testen fan de ôfrûne wike binne no 9951 ynwenners fan Fryslân besmet rekke. De GGD krige fan ’e wike 4 meldingen fan besmette minsken dy’t stoarn binne. De foarige wike wiene dat 9. It offisjele stjertesifer yn ferbân mei koroana stiet no op 142. Der binne 10 minsken yn it sikehûs opnommen, ferline wike 7.

 

desimber 12, 2020 10:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.