Wykoersjoch koroanasifers Fryslân 18 oant en mei 23 desimber 2020

desimber 27, 2020 10:42

Dat it tal nije besmettingen mei it koroanafirus hieltyd heger is, giet troch, mar wol wat stadiger as yn de beide foarôfgeande wiken. Naam it doe mei 40% ta, yn de ôfrûne wike wie it hast 30%. No moat derby sein wurde dat dizze telling fanwege de krystdagen in dei minder beslacht as oars.

It falt op dat it tal besmettingen ûnder minsken fan 50 oant 80 jier mear oprint as by oaren. Yn de gemeente Ljouwert wiene sûnt wiken mear besmettingen as yn Súdwest-Fryslân.

Positive testútslaggen yn de lêste seis dagen
Ljouwert 284, Súdwest-Fryslân 270, Waadhoeke 145, Noardeast-Fryslân 126, De Fryske Marren 116, Smellingerlân 97, Achtkarspelen 89, Dantumadiel 78, It Hearrenfean 67, Weststellingwerf 66, Opsterlân 51, Tytsjerksteradiel 51, Eaststellingwerf 44, It Amelân 27, Harns 17, Skylge 4, Flylân 1 en Skiermûntseach 0.

desimber 27, 2020 10:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.