Werkânsing foar Smellingerlân

desimber 3, 2020 08:17

Troch strukturele tekoarten yn de gemeentebegrutting rint Smellingerlân kâns om yn 2021 ûnder previntyf finansjeel tasjoch fan de provinsje te kommen. It tekoart yn 2021 is € 85.000. De gemeente kriget oant en mei 15 desimber de tiid om de begrutting oan te passen.

Deputearre Sander de Rouwe: “It tekoart is lyts foar sa’n grutte gemeente. Dêrom biede we de gemeente de mooglikheid om de begrutting noch oan te passen. It oanfoljende beslút dat dêrfoar nedich is, sille wy as tafersjochhâlder ek wer neisjen.”

Twa taakstellingen net goed ûnderboud
De provinsje hat as tafersjochhâlder de troch de gemeenteried fêststelde begrutting, ynklusyf de yn de gemeenteried oannommen amendeminten, toetst oan de jildende rigels. Yn de begrutting binne twa taakstellingen opnommen dy’t net fierder ûnderboud binne en dêrom net goedkard wurde kinne troch de tafersjochhâlder. It giet om in besuniging op it sosjaal domein fan € 3.000.000 en in stelpost foar de organisaasjekosten fan € 1.000.000. Taakstellingen en besunigingen yn in begrutting moatte reëel en konkreet wêze. Trochdat beide net oan dy eask foldogge, binne se troch de tafersjochhâlder ferbettere en is der in tekoart ûntstien.

Finansjeel tafersjoch
Deputearre Steaten (DS) binne ferantwurdlik foar it finansjeel tafersjoch op de gemeenten. As de begrutting en jierrekken op ’e tiid ynstjoerd binne en de finansjele posysje troch DS as foldwaande beoardiele wurdt, falt de gemeente ûnder it reguliere, “repressyf tafersjoch” (efterôf). Soks wurdt ynsteld as de termyn fan ynstjoeren net helle wurdt en/of de begrutting finansjeel net yn lykwicht is. Dat is in strange foarm fan tafersjoch, wêrby’t net allinne de begrutting troch de provinsje goedkard wurde moat, mar begruttingswizigingen foar goedkarren ek nei DS ynstjoerd wurde moatte. Foar de oare gemeenten nimt DS uterlik 15 desimber 2020 in beslút oer de foarm fan tafersjoch.

desimber 3, 2020 08:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.