Wedstryd: hoe moat in mûlekapke yn it Sealterfrysk hjitte?

desimber 21, 2020 20:47

Foto: Unsplash

Yn it Frysk wurdt mûl(e)kapke brûkt, yn it Hollânsk mondkapje. De Dútsers hawwe it oer in Mundmaske of hiel formeel oer in Mund-Nasen-Schutz. Yn it Platdútsk is op it heden Schnutenpulli yn ’e moade en by in wedstryd foar de bêste Noard-Fryske oersetting kaam müsdök as winner oer de streek.

Hoe is it lykwols yn it Sealterfrysk? Dêr is noch net in ynboargere oersetting. Dêrom is der in wedstryd organisearre foar it bêste wurd yn dy foarm fan it Frysk foar sa’n doekje of kapje dat men foar it gesicht befêstigje kin om besmetting mei it koroanafirus te beheinen.

It Sealterfrysk wurdt praat yn de regio Sealterlân, yn de Dútske dielsteat Nedersaksen. It liket in soad op ús Frysk. Der binne likernôch twatûzen minsken dy’t it prate kinne.

Dy’t in aardige oersetting hat, kin dy opstjoere nei Henk Wolf op it mailadres wolf (AT) saterland.de. Dat kin oant en mei 3 jannewaris 2021. Dêrnei kiest in saakkundige sjuery it moaiste wurd út.

desimber 21, 2020 20:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.