Wedstryd: Hoe hyt de dei dat alles wer normaal is?

Foto: Wikipedy – publyk domein
Sûnt maart is Fryslân yn ûnstjoer: der reizget in firus troch ús kriten en it libben fan in soad minsken stiet folslein op ‘e kop.
Dochs moat der in dei wêze, hooplik yn 2021, dat it firus sa’n grutte driging net mear is. Dat baas winkelman wer baas is oer syn eigen skoattel. Dat alle wetten wer earst fia de Twadde en Earste Keamer geane. Dat doekjeboel foar it antlit wer ferbean is ynstee fan ferplichte. Dat minsken wer fûstkje en nêstinoar sitte.
Sokke dagen dat nei it tsjuster der wer ljocht wie, ha wy mear hân: tink oan D-Day en Befrijingsdei. Hoe moat de earste dei nei de koroanakrisis hite? Lit ús dêr ris in moai Frysk wurd foar betinke, dat wy dan foar hiele Nederlân en sels Europa presintearje, mei it Frysk as taal fan ‘e hoop.
Jo foarstellen kinne oant en mei woansdei 6 jannewaris opstjoerd wurde nei ynfo@itnijs.frl of ûnder dit berjocht pleatst wurde. Ynstjoere fia de sosjale media kin net. Tink derom dat jo in mail- of postadres opneame, dan kinne wy kontakt mei de winner opnimme.
Foar de winner ha wy in eksimplaar fan it meartalige boerdspul Euregua. Dêr kin men in soad oer Europa mei leare, fansels ek yn it Frysk. Moai salang’t de dei-dy’t-noch-gjin-namme-hat net oanbrutsen is!
Libbens dei
Gewoane dei.