Waarpraatsje: Faak skier

desimber 27, 2020 17:21

Foto© Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in strieminne snein mei wiet waar en in soad wyn. Rûnom yn Fryslân wie stoarmskea. De branwacht hie it der drok mei. Moandei is it in hiel stik rêstiger.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei is de loft earst berûn, mar letter binne der ek in pear opklearringen en is der kâns op damp. De wyn wurdt swak en komt út it suden oant súdwesten. De temperatuer leit om de 2 graden hinne.

Moandei is it earst skier mei kâns op damp. Letter sjogge wy miskien noch efkes in glimp fan de sinne, mar wis is dat net. De sude- oant súdeastewyn is swak oant matich. It wurdt 4 graden.

De oare dagen fan dizze wike is it skier mei sa út en troch wat rein, mar in soad delslach wurdt net ferwachte.

desimber 27, 2020 17:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.