Vocal Roses & Barteld Post yn Niklaastsjerke Koarnjum

desimber 2, 2020 08:49 Fernijd

Om alfêst yn ’e stimming te kommen wurdt in bysûnder krystkonsert organisearre troch húskeamerteater De Wier yn de Niklaastsjerke fan Koarnjum. Twa ferskillende muzykacts sille optrede.

Vocal Roses (foto: © Bob de Boer Photography)

Vocal Roses
Vocal Roses is in muzikaal trio út Aldemardum. It treedt in protte op by eveneminten, festivals, diners en konserten, lykas dizze middei yn ’e sfearfolle Niklaastsjerke. It repertoire bestiet benammen út popnûmers, fan eartiids oant no, mar ek countrynûmers en eigen ferskes. De trije dames jouwe harren muzyk in werkenber en eigen muzikaal tintsje troch mei mearstimmige sang te wurkjen. Underwilens hat Vocal Roses in EP opnaam mei nij eigen wurk.

Vocal Roses bestiet út: Sita – sang en perkusje, Johanna – sang en basgitaar en Irma – sang, gitaar en toetsen.

Resint stie it trio yn septimber yn it foarprogramma fan de Fryske rockband SKVR yn De Neushoorn yn Ljouwert, mei grut sukses.

Barteld Post (foto: © Bob de Boer Photography

Oargelist Barteld Post
De jonge oargelist Barteld Post (2003) sil neist it optreden fan Vocal Roses tuskentroch de Niklaastsjerke muzikaal folje mei syn fraaie, fariearre oargelmuzyk. “Myn âlden hiene in âld oargeltsje op ’e rommelmerk yn Wjelsryp op ’e kop tikke. Ik spile trouwens al fan myn achtste ôf trompet…, mar doe’t ik likernôch tsien jier wie, like my dat oargeltsje wol aardich. Sa rekken myn fingers de toetsen oan en spile ik as earste muzyk Vader Jacob út ’e holle… Fan dat stuit ôf hawwe myn hannen it oargel nea wer loslitten. Ik spile yn Easterlittens foar it earst op in echt oargel en doe’t ik tolve wie mocht ik yn ’e Martinitsjerke fan Boalsert spyje as jierdeiskado. Yn 2016 krige ik myn earste oargelles fan Kees Nottrot yn ’e Martinitsjerke fan Snits. Letter haw ik noch hieltyd oargelles fan him krige yn Boalsert op dat prachtige oargel.” Dizze ûnthjittende muzikant is fan jannewaris 2020 ôf ek oargelist yn Wjelsryp.

It earste konsert op 13 desimber is al útferkocht, mar der komt in ekstra konsert op sneintemiddei 20 desimber 2020, oanfang 15.00 oere, doar iepen 14.30 oere.

Yntree € 17,50 de persoan. Tagong allinnich nei oanmelding op telefoannûmer 06 – 54763154 of fia bobdeboer@pinupsanddowns.com. Reservearje kin no.

Tink derom: Annulearje is mooglik, mar dan wol trije dagen fan tefoaren, oars moatte spitigernôch de yntreekosten rekkene wurde.

desimber 2, 2020 08:49 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.