Utspraak rjochtsaak tsjin gemeente Waadhoeke

desimber 5, 2020 19:31

Krektlyn is de útspraak bekend wurden fan it berop dat ik oanspand haw tsjin it beslút fan de gemeente Waadhoeke om net oer te gean ta harmonisaasje fan de plaknammen binnen Waadhoeke. Doel fan de saak wie alle ynwenners fan Waadhoeke deselde rjochten te jaan wat it brûken fan Frysktalige plaknammen oanbelanget. Op 14 july 2020 waard dit berop behannele, no is dan lang om let útspraak dien.

Ta myn teloarstelling en dy fan de Topografyske Wurkgroep Fryslân hat de rjochter besletten it berop ôf te wizen. De gemeente is yn it gelyk steld yn it net-ûntfanklik ferklearjen fan myn beswier.  Dat betsjut dat wy no ek net ynhâldlik dizze saak oanspanne kinne tsjin de gemeente by de bestjoersrjochter. De útspraak is benammen basearre op prosedurele grûnen.  Wy beriede ús no oer it ferfolch, bygelyks oft wy yn heger berop geane tsjin dizze beslissing.

Jehannes Elzinga
Frjentsjer

desimber 5, 2020 19:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.