Twalûk oer de wrâldbeker fan Ajax yn 1995

desimber 20, 2020 08:51 Fernijd

Goed 25 jier lyn is it, 28 novimber 1995. Ajax wit himsels ta de bêste fan de wrâld te skoppen. Yn Tokyo ferslacht it suksesalvetal fan Louis van Gaal it Braziliaanske Grêmio.

Tom Egbers (foto: NTR)

Noch gjin wike earder hat it tiim in galafoarstelling jûn yn Madrid yn ’e pûlfaze fan de Champions League (0-2), mei in steande ovaasje fan it Madrileenske publyk as ultime wurdearring. Yn Tokyo, tsjin it stûfe Grêmio, giet it gâns dreger. Nei in 0-0 einstân moatte strafskoppen de beslissing bringe. It is oanfierder Danny Blind dy’t de beslissende strafskop tsjin de touwen sjit.

Andere Tijden Sport giet 25 jier yn ’e tiid tebek en rekonstruearret it grutste sukses fan Ajax sûnt de gouden santiger jierren. Te sjen op sneon 2 om 22.45 oere en snein 3 jannewaris om 22.20 oere op NPO 1.

Andere Tijden Sport is it sportskiednisprogramma fan NOS en NTR, presintearre troch Tom Egbers.

desimber 20, 2020 08:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.