Miljoenen foar ferduorsumjen fan iepenbiere gebouwen

desimber 11, 2020 09:05 Fernijd

Eigeners fan skoalgebouwen, musea en doarpshuzen kinne fan maitiid 2021 ôf by harren provinsje terjochte foar help by it duorsum meitsjen fan harren gebouwen. It Ryk jout de provinsjes allegearre hast twa miljoen euro om dêr fêstgoedeigeners by te stypjen.

Lytsere gemeenten, skoalbestjoeren yn it primêr- en fuortset ûnderwiis, soarchoanbieders mei in lyts tal fêstigingen, sportbedriuwen, kulturele ynstellingen en doarps- en buerthuzen hawwe faak gjin tiid, kennis en minsken foar it duorsum meitsjen fan harren gebouwen. Dêrom hat it Ryk dêr 24 miljoen euro beskikber foar steld. Provinsjes fiere it op harren eigen wize út.

Fan maitiid 2021 ôf kinne fêstgoedeigeners gebrûk meitsje fan advys en stipe op mjitte. Begelieders yn duorsumens advisearje harren bygelyks yn de kar fan tûke maatregels en hoe’t dy finansiere wurde kinne. Se helpe ek by it sykjen nei de krekte partijen foar de útfiering. De kosten foar de realisaasje binne foar eigen rekken.
Yn Fryslân kinne eigeners dy’t dêr no al belangstelling foar hawwe, kontakt opnimme mei Gert-Jan Bouma fia it Klantekontaktsintrum fan de provinsje: 058-292 59 25.

desimber 11, 2020 09:05 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.