Toaniel

desimber 3, 2020 09:13

Oanrekommandaasje

Foto: Wybo Smids

It moaie fan toaniel is foar mysels dat de spilers yn ’e hûd fan persoanen krûpe en mei in soad ekspresje fan stim en antlit de ynhâld sa bringe dat de minsken yn de seal genietsje kinne.

It nuvere tsjintwurdich is dat der wol tûzenen minsken te winkeljen meie sûnder beheiningen en dat de lytse teaters no krekt wer los kinne nei in perioade fan restriksjes. Om fan de restauranten mar net te praten. Yn it foar is in ferbod makliker as efternei tink ik en is it hânhâlden dreger.

Ofrûne snein wie der yn it doarpshûs yn Weidum in prachtich toanielstik: ‘Rjocht yn ’t hert’ fan Inez Timmer en Thijs Meester. Sa’n 25 man yn de seal, goed koroanafeilich. It publyk moast sels foar yn it skoft wat te drinken meinimme.

It nijsgjirrge wie, dat de taskôgers nei it skoft kieze mochten hoe’t it stik ôfrûne soe: dramatysk of romantysk. Hoewol’t de measte minsken keazen foar de dramatyk, waarden beide parten spile. Soks om saneamde ferkiezingsfraude út te sluten!

Prachtich stik, mei ek wat muzyk derby, stylfol fertolke troch dy twa spilers. In echte komeedzje yn ús memmetaal.

Op www.theaterineziatief.nl is te sjen wêr’t en wannear’t yn de moanne desimber it stik noch spile wurdt.

Sjoch ek www.itnijs.frl/2020/10/frysktalich-muzikaal-stik-rjocht-yn-t-hert-2.

Matthijs Verkuijl

desimber 3, 2020 09:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.