Tjitske Reidinga ambassadeur foar Fryslân

desimber 16, 2020 08:57 Fernijd

Merk Fryslân lansearret in nije kampanje dêr’t Tjitske Reidinga yn op wrâldreis giet yn har berteprovinsje. Yn ’e kampanje lit Tjitske sjen dat men net fier hoecht te reizgjen foar in moaie fakânsje: aventoer, kultuer en romte binne allegear yn it noarden fan Nederlân te finen. De kampanje bestiet út fjouwer ludike telefyzjespots en posters troch hiel Nederlân. De spots wurde fan 18 desimber ôf útstjoerd op telefyzje.

Tjitske Reidinga (foto: Marco Bottenberg Videobrouwers)

Bân mei Fryslân
It is in persoanlike kampanje foar Tjitske, dy’t berne waard yn Ljouwert en yn har jeugd in protte tiid by har Fryske beppe trochbrocht. “Hoe âlder ik wurd, hoe mear ik fiel dat Fryslân it plak is dêr’t ik my it measte thús fiel. Ik soe graach wer yn Fryslân wenje, yn in houten hûs oan it wetter. Ik fiel in wêzentlike ferbining mei de provinsje, mear as mei alle oare plakken yn Nederlân, mear as mei Amsterdam. De Fryske woartels yn myn famylje binne tige sterk. Hoe âlder men wurdt, hoe wichtiger de skiednis foar jin wurdt. Ik wol ek eins mear rêst om my hinne, minder prikels en mear yn ’e natuer wêze. Ik fyn Fryslân prachtich, hiel wrydsk en foaral tige romantysk.” Dat Tjitske gjin Frysk praat, fynt se spitich. Hja ferstiet it wol goed. “Ik ha wol losse wurdsjes dy’t ik brûk, mar ik praat it spitigernôch net. Ik hie it wol prate wollen, ja. It is sa eigen. Sa bysûnder om sa’n taal te hawwen.”

1500 beloften
Ofrûne moannen is der hurd oan ’e kampanje wurke om derfoar te soargjen dat sawol it boadskip as de bylden passe by de tiid dêr’t we no yn libje. En just om de krystfakânsje hinne tinke minsken wer nei oer fakânsjes foar it kommende jier. Fryslân ûnthjit rêst, romte, aventoer en kultuer. Mei de kampanje ropt Merk Fryslân minsken op ek in ûnthjit te dwaan. Sa wurdt it siedsje plante. De ynsamling fan de beloften sette al earder dit jier útein. Under de ynstjoeringen wurde alle moannen prizen ferlotte. De earste 1500 beloftes binne al ynkaam en it is hertferwaarmjend hoe ferbûn minsken har fiele mei Fryslân en de Waadeilannen, en no’t in besite troch koroana lestiger is.

Tjitske Reidinga (foto: Marco Bottenberg Videobrouwers)

Tjitske sels die ek in tal moaie tasizzingen oan Fryslân en de Waadeilannen. Troch koroana spylje kearnwearden as sûnens, natuer, rêst, romte en tichtby fakânsjefieren in wichtige rol yn it meitsjen fan fakânsjeplannen. De bewuste karren dy’t minsken meitsje, slute oan by it kwaliteitstoerisme dêr’t foar Merk Fryslân de fokus leit.

Oer Merk Fryslân
Ut in oerkoepeljende fyzje wei jout Merk Fryslân, yn opdracht fan de Provinsje Fryslân, ynfolling oan de marketing en promoasje foar Fryslân, de Waadeilannen en it UNESCO Wrâlderfgoed de Waadsee.

Sjoch op Friesland.nl en Wadtodo.nl foar mear ynformaasje.

desimber 16, 2020 08:57 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Ed Knotter desimber 16, 11:47

    Is it net slim:
    Dat Tjitske gjin Frysk praat, fynt se spitich. Hja ferstiet it wol goed. “Ik ha wol losse wurdsjes dy’t ik brûk, mar ik praat it spitigernôch net. Ik hie it wol prate wollen, ja. It is sa eigen. Sa bysûnder om sa’n taal te hawwen.”
    Tjitske hat it op skoalle net leard; beskamsum! In misset fan it ûnderwiis: pedagogyske ferwaarleazging.
    Wa’t dêr skuld oan hat, kin it him neinimme (wa’t in noas hat kin it rûke).

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.