Tariedingen
Resint ferskynd
Oertinking
Dit is Johannes syn getugenis, doe’t de Joaden út Jeruzalem prysters en Leviten (nei him ta) stjoerden om him te freegjen: Wa binne jo? Hy kaam der rûn foar út, sûnder him derfoar wei te winen: Ik bin de Messias net. Doe fregen se him: wat dan? Binne jo Elia? Hy sei: Dy bin ik net. Binne jo de profeet? Hy antwurde: Nee! Doe seine se tsjin him: Wa binne jo dan al? Wy moatte ús opdrachtjouwers dochs útslútsel jaan? Wat sizze jo fan josels? Hy sei: Ik bin de stim fan ien dy’t ropt yn ’e woestyn: sljochtsje it paad foar de Hear. lykas de profeet Jesaja sein hat. (Johannes 1, 19-23)
Johannes de Doper is in man dy’t by ús thúsheart. Syn plak is midden yn de gemeenten, op ’e preekstoel en efter it buordsje. De dingen barre net as hy it wurd fiert, se wurde allinnich mar reemakke. Hy praat, mar dy’t kommendeweis is, sil it dwaan. Hy makket ree, mar dy’t komt nimt it karwei op ’e noed.
It fersin dêr’t de kristenheid eins dochs mei oantangele sit, is dat de kristenen, de tsjerkelju en sindelingen, de foaroanmannen yn harren taspraken net tefreden wêze wolle mei dat paadwizen en reemeitsjen. Dy wize nei harrensels, harren preken en harren organisaasjes. Se ferliede dêrmei it publyk om it libben en de rjochte wei yn eigen ûnderfining en betinken te sykjen.
Johannes giet deroan. Efkes letter hat er úttsjinne en stiet dy oare, Jezus Kristus, midden tusken it folk yn. Dat is it moed dêr’t de kristen mei libbet en stjert: as de wrâld Him mar sjocht en Him yn ’e mjitte giet, dan komt it der mei ús net sa lyk mear op oan.
ds. Pieter Miedema
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje