Sybren Singelsma: De krêft fan it mandaat

desimber 6, 2020 07:37

Skôging

It is opfallend dat Geert Wilders en Thierry Baudet kiezers hâlde. Beide sizze se ta dat se de besteande struktueren transparanter meitsje wolle, de boarger mear sizzenskip jaan wolle en de macht fan de steat beheine wolle. In steat dy’t neffens Baudet ek nochris troch alderhande komplotten ynstrumint fan tsjustere krêften is.

Opfallend dat se kiezers hâlde, omdat se allebeide yn wêzen noch neat berikt hawwe. Wol in soad publisiteit en gerop. Ynfloed op de diskusje hawwe se wis, mar op de polityk in stik minder. Wat wol men ek as men it parlemint in ‘nep-parlemint’ neamt. En dat wylst de Nederlânske polityk dizze wiken troch it ûndersyk yn de taslagge-affêre wol yn ’e kearn rekke wurdt.

It docht bliken dat de oerheid troch it optreden fan alderhande amtlike tsjinsten jierrenlang de grûnrjochten fan de boargers skeind hat, dat soks barde nei besluten nommen troch politisy, en dat de boargers nearne terjochte koene mei harren ferhaal.

As soks yn Poalen of Hongarije bard wie, soe it Nederlân west hawwe dat op aksje fan de EU oankrongen hie. Mar dêr barde it net. It barde yn Nederlân, dêr’t dyselde grûnrjochten fan de boarger allinnich mar garandearre wurde troch dyselde Twadde Keamer. As boarger kin men dus gjin kant út.

It wie beskamsum, de hege amtners dy’t nei oare ministearjes wiisden, politisy dy’t winliken net begriepen hoe’t dat barre koe, en yn de ein nimt nimmen politike ferantwurdlikheid. Asscher, Wiebes, Weekers, Rutte, se soene allegearre mar ien konklúzje lûke moatte: opstappe. Dat sil net barre, en dat is in fûneminteel falen fan de Nederlânske polityk en de amtnerij.

Dat is net oan it ljocht brocht troch Wilders of Baudet, mar troch Pieter Omtzicht en Renske Leijten, fan it CDA en de SP, bien étonne de se trouver ensemble!

Fan de SP soe men soks noch wol ferwachtsje kinne, en Leijten hat de frijheid krige en prima wurk levere, mar in CDA’er? ‘We rule this country’, ferklearre lang lyn Joost van Iersel noch oan CNN. In man fan de partij fan de macht dy’t sjen lit hoe min oft de macht funksjonearret?

Ja, omdat Pieter Omtzicht wat in aparte politikus is. Gjin slaaf fan it partijbestjoer, mei foarkarstimmen yn it parlemint kommen. In frij man, dy’t wurket foar syn kiezers, net foar syn partij. Mei de krêft fan dat mandaat koe hy mei Leijten de taslagge-affêre op it politike kleed krije. Effektiver as Wilders of Baudet ea west ha.

Wolle jo in Twadde Keamer dy’t syn wurk docht? Kies in frije man of frou, dat liket wichtiger te wêzen as de kleur.

Drs. Sybren Singelsma is histoarikus. Hy hat wurke by it Komitee fan de Regio’s fan de Europeeske Uny.
desimber 6, 2020 07:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.