Stipe foar 28 kultuer- en natuerprojekten yn fjirde fearnsjier

desimber 28, 2020 08:44

It Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân hat yn it fjirde en lêste fearnsjier spesjale stipe tasein foar teäters yn Fryslân, dy’t it troch de koroanakrisis dreech hawwe. Mar ek oare inisjativen binne stipe. Der is yn totaal in finansjele bydrage tasein fan  € 140.000 foar 28 kultuer- en natuerprojekten.

Stipe Fryske teäters
Lytse Fryske teäters waard de mooglikheid bean om yn dizze koroanatiid mei in oanpast projektútstel te kommen. Foar de fjouwer teäters dy’t dêr gebrûk fan makke ha, is yn totaal sa’n € 50.000 beskikber steld. Sa kriget De Koornbeurs yn Frjentsjer in bydrage foar it projekt ‘Het verlangen van 2021’, dêr’t fiif ynstjoerde ferhalen en gedichten yn de foarm fan dûns, toaniel, muzyk en sang yn útfierd wurde.

“Kultuer is de soerstof fan de maatskippij. De mienskip hat ferlet fan ferwûndering, ferbylding, ôflieding en moeting. Benammen yn dizze tiid. It behâld fan de teäters is dêrom wichtich. Se foarmje in essinsjeel ûnderdiel fan it rike en bûnte kulturele lânskip dat in skaaimerk fan Fryslân is”, seit Arno Brok, kommissaris fan de Kening yn Fryslân en foarsitter fan it Kultuerfûns Fryslân, yn in taljochting op de takenning fan de bydragen.

De Fûgelwacht Wommels kriget € 4.000 foar it projekt ‘Oer de râne fan de tiid’. Fertsjintwurdigers fan ferskate kulturele dissiplinen sette it belibjen fan 24 oeren midden yn de lannen om ta in keunstutering yn de foarm fan in gedicht, komposysje, keunstwurk of lêzing.

De Stichting Fryske Milieufederatie kriget € 5.000 foar in stjerretafel en nachttún yn de Lautatún yn Wier. De stjerretafel toant in ôfbylding fan de stjerrehimel fan it Noardlik Healrûn en yn de tún kinne besikers de nachtnatuer belibje.

Meigeand útbetelje
It Kultuerfûns is meigeand mei it útbeteljen fan earder taseine bedragen. Ek as in evenemint of projekt net (alhiel) trochgean kin, kinne bepaalde kosten dochs fergoede wurde. Der is ek omtinken foar it beteljen fan zzp’ers. Sjoch by fragen oer in projekt of evenemint fanwegens de koroanamaatregels op dizze side.

Hieltyd oanfreegje!
It Kultuerfûns Fryslân ropt ferienigingen, organisaasjes, makkers yn de kultuer- en natuersektor op om foaral troch te gean mei it oanfreegjen fan finansjele stipe. Yn 2020 wie it gebrûklike budzjet te besteegjen en dat foarnimmen is net feroare foar 2021. Just no is it sa wichtich dat dit jild fan  skinkers en fan de lotterijen yn de sektor terjochte komt, om derfoar te soargjen dat makkers en inisjatyfnimmers sa fluch mooglik wer normaal oan ’e slach geane sa gau as de beheiningen troch de koroanakrisis ôfnimme. Sjoch ek hjir.

Oer it Prins Bernhard Kultuerfûns
It Kultuerfûns bringt minsken, wrâlden en ideeën byinoar om kultuer en natuer libje te litten. Troch bydragen, fûnsen, ekspertize, beurzen, prizen en opdrachten ûntsteane nije kulturele inisjativen en wurdt kultureel erfgoed beholden. It Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân is ien fan de tolve provinsjale ôfdielingen.

desimber 28, 2020 08:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.