Stichting De Noordzee fiert 40-jierrich jubileum mei Noardseebanket
Resint ferskynd
- Keamer kediist tongersdei oer útgeansferbod, protte nijsberjochten oer ferbod op thúsgasten op ‘e nij ûnwier 0
- Biden hat ambisjeuze plannen foar earste 100 dagen 0
- Moasje oer leefromte greidefûgels 0
- RTL meldt: freed útgeansferbod yn Nederlân 0
- Dútske saakkundigen: Koroana bliuwt, dêr moat men jin ûnder deljaan 0
Stichting De Noordzee yntrodusearret it Noardseebanket ta eare fan syn fjirtichjierrich bestean. It Noardseebanket, in fariant op it bekende sûkeladeseebanket, is in sinjaal dat in minder smaaklike kant fan de Noardsee sjen lit. Mei de kampanje freget de stifting omtinken en aksje foar in sûne takomst fan de Noardsee, dêr’t de stifting him alle dagen hurd foar makket. It Noardseebanket is moandei by in rûnreis by de Noardseekust lâns oanbean oan ûnder oaren in rêdingsswimmer, strânjutter en minister Schouten fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit.
Noardseebanket lit útdagingen fan de Noardsee sjen
It Noardseebanket is in fariaasje op it bekende seefruchtebanket fan sûkelade en bestiet út fjouwer opmerklike ikoanen: in brutsen skulp, plestik fleske, kontenerskip en seefûgel. De brutsen skulp symboalisearret it ûnderwetterlibben dat bedrige wurdt. It plestik fleske stiet foar al it ôffal dat yn ’e Noardsee telâne komt. It kontenerskip symboalisearret de seefeart, dy’t de ûnderwetternatuer fersteurt. Ta beslút stiet de seefûgel foar in moaie takomst foar al it seelibben, dêr’t minsklik gebrûk en de natuer mei-inoar yn balâns binne.
De stifting ropt op oanwiisde natuergebieten echt te beskermjen, wynparken natuerynklusyf te bouwen en staasjejild op blikjes yn te fieren.
It Noardseebanket is yn beheinde oplaach te krijen op noordzee.nl/noordzeebanket.
Oer Stichting De Noordzee
Stichting De Noordzee is in ûnôfhinklike natuer- en miljeuorganisaasje dy’t him sterk makket foar beskerming en duorsum gebrûk fan de Noardsee. De stifting rjochtet him op fjouwer doelen: romte foar de natuer, skjinne see, duorsum iten en natuerfreonlike enerzjy. Mei oaren wurket de organisaasje oan in skjinne en sûne Noardsee. De stifting fersterket de natuer troch it útsetten fan oesterriffen yn wynparken mei syn programma De Rike Noardsee, rommet alle jierren mei tûzenen frijwilligers de hiele Noardseekust op en set de see op ’e politike aginda mei it Noardseeakkoart.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje