Spanje sil faksinwegerders registrearje
Resint ferskynd
Spanje sil in list byhâlde fan de minsken dy’t it koroanafaksin wegere hawwe. It lân is ek fan doel om it register te dielen mei oare Europeeske lannen. Dat seit de Spaanske sûnensminister yn in fraachpetear mei telefyzjestjoerder La Sexta.
De minister sei mei klam dat it faksinearjen frijwillich is en dat de list net iepenbier makke wurde sil.
Neffens resinte gegevens is it oanpart fan de Spaanske befolking dat him net ynintsje litte wol, flink sakke fan 47 persint yn novimber nei 28 persint yn desimber. It persintaazje Spanjerts dat wol ree is om in faksin te krijen, gie yn deselde rite omheech fan 36,8 nei 40,5 persint.
Yn Nederlân is itselde byld te sjen, al is de twivel oer faksinaasje hjir minder grut. It Nederlânsk regear seit dat faksinaasje frijwillich bliuwe moat en dat ek yndirekte twang, lykas it jaan fan privileezjes oan minsken dy’t wol yninte binne, net winsklik is.
It ynintsjen fan de Nederlânske befolking sil op 8 jannewaris úteinsette. Yn de measte Europeeske lannen is dêr ûnderwilens al mei begûn.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje