Soad nije kânshawwers en tûzenen ekstra stimmen foar Fryske top 100

desimber 22, 2020 09:17

It oantal útbrochte stimmen foar de Fryske top 100 is al foar de sluting op Twadde Krystdei tûzenen stimmen heger as ferline jier. In opfallend soad nije lieten lykje dit jier op de list te kommen. Beide ûntwikkelingen hawwe mooglik te meitsjen mei koroana.

Die Twa (foto: PDF Fotografie/Piet Douma)

It thús bliuwen bringt it Fryske publyk massaal oan it stimmen. De lieten dy’t keazen wurde, litte ek in koroana-effekt sjen. Sa hat Joop Spykstra mei it liet ‘Leve yn Corona tiid’ grutte kâns om op de list te kommen. Sander Metz, dy’t in protte muzyk makket yn fersoargingshuzen, is in kânshawwer mei ‘As it libben mistich wurdt’. Ludike aksjes dy’t oproppe om te stimmen lykje by te dragen om nije nûmers op de list te krijen.

In opfallend soad stimmen binne der foar Carla de Bruine, mei it liet ‘Skriem om my’ dat se sjongt yn it filmprojekt fan Steven de Jong oer Grutte Pier. Oare nije kânshawwers foar in plakje yn de Fryske top 100 binne bygelyks Pieter Sahieter mei ‘De woanark’, Corneum mei ‘Hûnewippersrock’, Las Bandidas mei ‘It brûst’, de Paesens riders mei ‘Gelfke hat in Polo’ en de Harkemase Boys mei ‘Come on the boys’.

Optreden Die Twa op finale stimdei
It duo Die Twa makke sneon by Omrop Fryslân bekend dat it, nei’t it fiif jier lyn útinoar gie, wer op it poadium stapt. De earste kear is it optreden by Omrop Fryslân op de finale stimdei, sneon 26 desimber. It wurdt in minykonsert foar harkers en sjoggers thús, nei’t de stimbus foar de Fryske top 100 ticht is.

It stimmen kin op www.frysketop100.nl. Stimmers mei de moaiste ferhalen by harren favorite nûmers wurde yn de útstjoering belle. Op de lêste stimdei binne der neist de útsmiter fan Die Twa ek live optredens fan Sipke de Boer en de duo’s Weima & Van der Werf en Grytz en Grize.

Utpakke op âldjiersdei
Omrop Fryslân pakt út mei de Fryske top 100 op âldjiersdei. De 100 favorite lieten fan it Fryske publyk wurde yn folchoarder útstjoerd tusken 6.00 oere moarns en 18.00 oere jûns. De Jukebox, de haadpriis ûnder de stimmers op de Fryske top 100, wurdt oan de ein fan de dei útrikt. Dêrneist wurde der dan noch in oantal minsken ferrast mei in lúkse oaljekoekepakket. It is in ferfolch op de útpakpakketten dy’t Omrop Fryslân útdielde mei de aksje Utpakke mei Omrop Fryslân. Dêr kamen hûnderten reaksjes op binnen.

De Fryske top 100 fan 2020 wurdt presintearre troch:
06.00-09.00 Diana de Groot en Hans Koster
09.00-12.00 Johan Terpstra en Jantine Weidenaar
12.00-15.00 Simone Scheffer en Eric Ennema
15.00-18.00 Harm Weistra en Afke Boven

Stimme foar de Fryske top 100 kin hjir: www.frysketop100.nl.

desimber 22, 2020 09:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.