Soad leden Europeesk Parlemint wolle lytse talen wol stypje

desimber 14, 2020 23:22

In protte fraksjes yn it Europeesk Parlemint wolle wol mear foar minderheidstalen dwaan. De ideeën dy’t út namme fan mear as in miljoen Europeanen ûnder de namme Minority SafePack oan ‘e europarlemintariërs presintearre binne, krije in protte stipe. Dat skriuwt Omrop Fryslân.

VVD’er Malik Azmani fan it Hearrenfean sei sels yn it Frysk ‘Tige tank!’ yn it Europeesk Parlemint, nei’t er ferteld hie hoe wichtich oft it foar him wie op mei sawol Nederlânsk as Frysk op te groeien. It Belgyske kristen-demokratyske europarlemintslid Pascal Arimont sei dat er as Dútsktalige Belch gjin websiden fan Dútske omroppen sjen kin, mei’t nasjonale steaten har grinzen ek op ynternet slute, op kosten fan harren minderheden.

Dochs wie der net allinne stipe. De Dútser Gunnar Beck, fan de ekstreem-rjochtse AfD, sei dat de mearderheid fersûpe koe yn in mar fan minderheden as dy te folle stipe krigen. En de konservative Letske Dace Melbarde wiisde derop dat de Baltyske steaten krekt it Russyske jok ôfskodde hawwe en der no gjin ferlet fan hawwe om de Russysktaligen yn harren lân as minderheid te beskermjen.

desimber 14, 2020 23:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.