De pine fan it ferline

desimber 31, 2020 08:00

Skôging troch Nanne Hoekstra

Aldjier nûget út ta weromsjen, mar dêr binne we it hiele jier al mei dwaande. As ik sjoch hoefolle oft der dit jier mei ekskuzen en skeafergoedingen omtyske waard yn de skiednis, moat ik gauris tinke oan de episoade All Our Yesterdays fan de telefyzjerige Star Trek (foar de Trekkies: stjerredatum 5943.7). Dêr wurdt yn ferteld oer bewenners fan in fiere planeet dy’t troch in tiidpoarte flechtsje nei it ferline, om’t de notiidske swierrichheden harren oermânsk wurde. Sjoen it omskreppen mei lang lyn al ôfdiene saken haw ik noed dat it by ús no ek sa’n spultsje is. Untflechtsje wy sa de koroana en oare wrâldwide problemen?

Nei it ferline reizgje en de skiednis feroarje kin neffens fysisy net. Dat is ek mar goed, sa’t bygelyks bliken docht út de ôflevering The city on the edge of forever (stjerredatum 3134.0) fan deselde science-fiction-rige dêr’t it tefoaren kommen fan de dea fan in fredesaktiviste troch tiidreizgers der ta laat dat Hitler de Twadde Wrâldoarloch wint. Lykwols wurdt op ’t heden al wakker, mar om ‘e nocht, besocht om dieden fan it foarslachte teneate te dwaan.

It iene ekskús jaget it oare

Sa ekskusearre ús kening him bygelyks foar it Nederlânske geweld yn de Yndonezyske ûnôfhinklikheidsstriid en utere er krityk op syn oerbeppe om’t hja net genôch omtinken hân hawwe soe foar de Joadeferfolging. Dat lêste yn neifolging fan it regear dat ekskús oanbea foar de kâlde behanneling fan de oerbleaune Joaden en foarôfgeand oan in lyksoartige skuldbelidenis fan de protestantske tsjerke. It iene ekskús jaget it oare, wylst der amper noch slachtoffers en skuldigen – foar safier’t fan dy lêsten praat wurde kin – mear ûnder ús binne. Wat jout dy ynstânsjes it rjocht om út harren briedstoel wei sûnder foarm fan proses en sûnder rekken te hâlden mei de doedeistige omstannichheden – it ferline is in frjemd lân – de ûnderstelde dieders te feroardieljen? En wat is de wearde fan ekskuzen dy’t oanbean wurde foar saken troch lju dy’t dêr net mandélich oan wiene, oan minsken dy’t der sels net ûnder lit hawwe?

Spul om kompensaasjes

Mei kompensaasjes is it eartiidske leed likemin fuort te poetsen. Guon widdowen en bern fan troch Nederlânkse militêren deasketten Yndonezyske striders hawwe ek dit jier fia de rjochter wer in, yn ferhâlding, grypstehealstoer taskikt krige. Earder wie der yn it doarp Rawagede lykwols al rebûlje ûntstien oer skeafergoedingen dy’t oan in espel widdowen takend wiene, om’t oare doarpsbewenners fûnen dat se dêr likegoed rjocht op hiene. De widdowen binne sels prest om in part fan de útkearde sinten oan dyen ôf te stean. As der jild yn it spul komt, ha jo samar oergeunst en nij leed en it kin it eardere teheisterjen fan libbens fansels yn de fierste fierte net ûngedien meitsje.

Byld út de neamde episoade fan Star Trek (stilset)

Oan de iepenbierheid ûntlutsen keunst

Itselde jildt foar de keunst dy’t ús Joadske meiboargers ûntfytmanne is. Earst troch de Dútsers, mar dêrnei bedarre dy gauris yn Nederlânske museums, mei neffens de hjoeddeistige mjitstêven te min kompensaasje foar de rjochtmjittige eigeners. De kommisje Kohnstamm rekommandearre okkerdeis in romhertiger restitúsjebelied oan as dat fan de lêste jierren, sûnder bygelyks in ôfwaging fan it belang foar it iepenbier keunstbesit. Wylst dat eardere belied der bygelyks al ta late dat de skilderijen út de tafallige hannelsfoarried op it stuit dat de oarloch útbruts fan de al gau dêrnei ferstoarne Joadske keunsthanneler Goudstikker no allinnich noch mar besjoen wurde kinne troch fiere (en rike) famyljeleden yn Amearika dy’t sels net iens aan hiene fan it bestean derfan; en dyjingen oan wa’t hja in part fan de bût trochferkocht hawwe. Dat liket my no in treflik foarbyld fan in folslein mislearre besykjen de rin fan de skiednis om te bûgen. Lit ús dêrom de pine fan it ferline gewoan manhaftich drage.

De erfskuld fan it slavernijferline

Mar bygelyks Amsterdam en Rotterdam lykje dat foarearst noch net fan doel. Dy stêden hawwe dit jier stúdzjes nei harren rol yn de slavehannel publisearje litten. It die fannijs bliken dat pommeranten en stedsbestjoeren oan de nekke ta yn dy negoasje sieten en der omraak oan fertsjinne hawwe. Goed om dêr ris yn tentoanstellingen omtinken oan te jaan en by opstigingen fan grutskens oer VOC en WIC likegoed de skaadkanten te memorearjen. Mar hâld ris op mei dy healwize ekskuzen foar in oererfde skuld. Wa soene dy ek oan wa oanbiede moatte? Want de foarâlden fan de measte ynwenners fan dy hjoeddeistige stêden hiene neat mei de slavernij te krijen. En foar safier’t der noch hieltyd fan profitearre wurdt – dat is ûnwis, it is ommers net fêst te stellen wat in alternatyf ferrin fan de skiednis opsmiten hawwe soe – sil dat likegoed jilde foar de neikommelingen fan slaven yn dy stêden. Dat nettsjinsteande efterstannen fan beskate groepen dêr’t likegoed wol wat oan dien wurde kin, mar soks is fansels folle komplekser as simpelwei mar wat beare oer in ûnderstelde erfskuld.

Wy binne gjin hier better

It is tiidfergriemerij om yn it ferline stykjen te bliuwen. Benammen om’t we gjin hier better binne as foarige generaasjes. Yn stee fan ús drok te meitsjen oer wat it foarteam allegearre útheefde, is it de baas en betink ris hoe’t it neiteam nei ús sjen sil. Want wylst we nea wis wêze sille oft de wrâld der op dit stuit werklik better útsjen soe as ús foargongers de saken oars oanpakt hiene, witte we wol dat, as we sa trochgean as no, ús neikommers in ferrinnewearre planeet oerervje, mei’t we de natuer ferdistruwearje en it klimaat yn ‘e bulten jeie. Hielendal as tige kwetsbere stêden ûnder de seespegel kinne Amsterdam en Rotterdam harren better bekroadzje om it wolwêzen fan it takomstige stedsfolk.

Doe slaven, no planten, bisten en broeikasgassen

Hoewol’t it ferline in frjemd lân is, kinne we der wol fan leare. Sa is der lang iggewearre tsjin de slavernij, mar wiene der te grutte belangen om troch te pakken mei de ôfskaffing. Hjoed-de-dei spylje soartgelikense maatskiplike meganismen. As we tsjin tarikkende maatregels om it útrûgjen fan planten en bisten foar te kommen en de broeikasgasútsjit te minderesearjen – om’t we it treffen dêrfan te begrutlik fine – like lang oan skytskoarje as mei it ôfskaffen fan de slavernij (Denemarken die dat al yn 1803, Nederlân pas yn 1863) sitte takomstige generaasjes oantangele mei in útrûpele planeet, dêr’t de hjoeddeistige problemen in beestje by binne, en kinne dyen oars net mear as op har bar jeie op spûken út it ferline en ús om ‘e nocht ferkleie.

De takomst treast

Tiidreizgjen is wól mooglik, mar stadich en ien kant út. De skiednis kinne we sadwaande al feroarje mar allinnich foar safier’t dy noch komme moat. Yn Al ús justers hiene de bewenners fan dy fiere planeet te krijen mei in sinne dy’t op eksplodearjen stie. Dêr wie gjin salve oan te striken. As wy lykwols no ris trochavesearje, kinne we de wankende grutte swierrichheden dy’t de takomst fan ús planeet bedriigje noch wol krekt treast wêze. Mar der is gjin tiid te ferliezen.

desimber 31, 2020 08:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Sybren jannewaris 3, 13:44

    Mei de feroarjende blik op it feline bin ik it mei Hoekstra wol iens, de blik feroaret en dat is no een keer sa. Oer it joads besit is it neffens mij ienfaldich: dat wie doe ek al stellerij. Dat der mei mooie stikken it de musea ferdwine nei anoniem Amerikanen, dat is in Lytse priis foar it hanhavenjen fan it rjucht. Les ek:https://singelsma.com/2020/10/15/roofkunst-of-lart-du-triomphe/

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.