Sinteklazepleats

desimber 5, 2020 06:40

Folksferhaal, neiferteld troch Matthijs Verkuijl

Oan de Ienzerkant fan it fersepaad oan de Boalserter Trekfeart dat tusken Boalsert en Iens rint, leit in boerepleats dy’t de Sinteklazepleats neamd wurdt. Foar dy pleats oer stiet in boerd mei in gedicht fan Douwe A. Tamminga: Ballade fan de Sinteklazeboer. Dat hat fansels te krijen mei in folksferhaal.

Foto © Matthijs Verkuijl

Lang lyn wenne op dy pleats in jonge widdo. Har man wie in skoft lyn stoarn en sy en in feint hiene al jierren de soarch oer it bedriuw. Sy hie wol ferlet fan in man en tocht stikem wolris oer in relaasje mei dy feint, in hurd wurkjende man, frijgesel, betrouber en goederlaaks.

Op in dei, begjin desimber, hiene se it oer it feest fan Sinteklaas. De frou stie derop oan dat se beide opsette soene, sy har skuon en hy syn klompen. De feint fûn it mar grutte ûnsin, mar lang om let die er it wol. En eins wied er tige nijsgjirrich. Dat op sinteklaasjûn sette er de klompen foar de skoarstien.

De oare moarns gie de feint al ier en betiid fan ’t bêd ôf, en krekt as altyd kaam er nei it melken foar it moarnsbrochje yn ’e foarein. Dêr seach er de frou yn syn klompen by de skoarstien stean. Hy hie it earst noch net hielendal troch, dat hy sei: “Wat is dat hjir?” Sy andere: “Ik woe mysels mar as kado foar dy jaan.”

De man skrok fansels en wist him earst gjin rie mei de situaasje, mar úteinlik sei er: “It moat mar sa wêze.”

In healjier letter wiene se troud en sint wie yn de maitiid yn twa herten.

desimber 5, 2020 06:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.