Bywurke: Sineeske moannesonde klear mei it sammeljen fan stiennen

desimber 3, 2020 08:57

In Sineeske ferkenner is mei sukses op ’e moanne lâne. Chang’e 5 moat foar it earst sûnt 1976 moannegrûn nei de ierde stjoere.

Foto: NASA

Sina hie fan tefoaren net buorkundich makke wannear’t de lâning wêze soe. It romtereau kaam tiisdei efkes nei fjouweren Nederlânske tiid del op it plende lâningsplak, de fulkanyske formaasje Mons Rümker yn Ocenanus Procellarum, de Oseaan fan de Stoarmen. It materiaal oan it oerflak is op dat plak minder âld as yn ’e gebieten dêr’t de Apollomissys yn ’e sechtiger en santiger jierren lâne binne. Planeetwittenskippers hoopje dêrtroch in folsleiner byld fan de moanne te krijen.

De lâner is op 24 novimber lansearre en nei in searje meneuvels loskeppele fan in module dy’t yn in baan om ’e moanne bliuwt. Neffens plan sil Chang’e 5 twa dagen grús opskeppe en yn it oerflak boarje om yn totaal twa kilo moannemateriaal yn ’e lâner op te slaan. Dêrnei wurdt de opstiichtrep mei de moannemeunsters lansearre om wer oan te keppejen by de tsjinstmodule yn in baan om ’e moanne. De moannestiennen wurde dan oerbrocht nei in weromreiskapsule dy’t de kostbere fracht nei de ierde bringt. Heal desimber moat de kapsule delkomme yn in gebiet yn ’e Sineeske autonome regio Binnen-Mongoalië.

De lâning fan Chang’e 5 is Sina’s tredde suksesfolle moannelâning. Earder lânen Chang’e 3 by Mare Imbrium en Chang’e 4 yn in krater op ’e efterkant fan de moanne. Dy twa lâners hiene in robotweintsje by harren en binne noch hieltyd aktyf.

Bywurke tongersdei 3/12 11.20 oere: Chang’e 5 is klear mei it sammeljen fan stiennen en grús op it moanne-oerflak. Neffens de flechtlieding is dat in goed dei earder as plend. De Chang’e, ferneamd nei in Sineeske moannegoadinne, makket him no wer op foar de thúsreis. De lâner sil weromfleane nei it memmeskip dat noch yn in baan om ’e moanne draait. Dêrnei begjint in weromreiskapsule de reis nei de ierde fan in deimannich.

Sina hat net bekendmakke hoefolle materiaal oft der sammele is yn de 19 oeren dat Chang’e 5 op ’e moanne wie. Foar de tiid wie oanjûn dat de ûndersikers twa kilo moannestien sammelje woene troch grús te skeppen en yn ’e boaiem te boarjen.

desimber 3, 2020 08:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.