Shorttracknijs

desimber 13, 2020 16:56

Sjinkie Knegt hat snein twa Nederlânske titels oan syn earelist taheakje kinnen. De Bantegeaster wûn earst de 1.000 meter troch op de finish syn ferneamde ‘teleskoopskonk’ te brûken en sa Itzhak de Laat te klopjen. Dêrnei wie Knegt ek op de 500 meter de rapste, op ‘e nij foar De Laat. Dy lêste pakte op de 1.500 meter syn tredde sulveren medalje. Knegt einige dêr njonken it poadium.\

Op de slotôfstân fan it Nederlânsk kampioenskip koe Knegt gjin haadrol spylje. Hy waard yn de einfaze noch passearre troch Gytsjerker Sven Roes, wêrtroch Knegt sels njonken it poadium einiget. De oerwinning gie nei Jens van ‘t Wout, dy’t foar Itzhak de Laat einige. It tredde plak wie dus foar Roes.

De koartste ôfstân wie net sa spannend. Knegt stie yn it begjin de lieding efkes ôf oan De Laat, mar hy pakte him rom foar de ein werom en joech it net mear út hannen. De Laat waard op ‘e nij twadde en seach dat efter him de bruorren Melle en Jens van ‘t Wout drok dwaande wiene mei de striid om it brûns. Melle wûn dy striid. De B-finale waard wûn troch Daan Breeuwsma.

It grutste part fan de 1.000 meter gie De Laat oan de lieding, mar Knegt sloech ta op it momint dat it moast. De Laat gie as earste de lêste bocht yn, mar op de finishline brûkte Knegt syn ‘teleskoopskonk’ en sa gie er der mei it earste plak fan troch. De Laat moast genôch nimme mei it sulver. Dêr efter wie in fûle striid oan ‘e gong om it tredde plak. Friso Emons en Gytsjerker Sven Roes besochten beiden om it brûns te pakken. Dat gie sa fanatyk, dat se nei de finish beiden ûnderút giene. Uteinliks wie Emons krekt in fraksje earder, wêrtroch’t hy de medalje pakt. Roes wurdt dus fjirde en as fiifde einiget Teun Boer. Oare Friezen as Daan Breeuwsma, Dennis Visser en Jasper Brunsmann hiene harren net pleatst foar de A-finale. Breeuwsma wûn ek op de 1.000 meter wol de B-finale.

Suzanne Schulting is snein yn Thialf Nederlânsk kampioen wurden op alle trije de ôfstannen. De oare froulju hiene op de 500 meter, de 1000 meter en de 1500 meter neat yn te bringen tsjin Schulting. Rianne de Vries helle ien brûnzen medalje op de 500 meter. De oermacht fan Schulting wie it grutste op de langste en lêste ôfstân fan de snein. In oantal rûntsjes foar de ein kaam Schulting opsetten fanôf it fjirde plak, wêrnei’t se fuortendaliks in grut gat sloech mei de seis oare froulju. Doe’t Schulting oer de finish kaam, siet de konkurrinsje der leafst in meter as tsien efter. Xandra Velzeboer einige knap as twadde foar Selma Poutsma, dy’t brûns pakte.

Op de 500 meter ried Schulting yn twadde posysje, doe’t Selma Poutsma ûnderút gie. Dêrtroch naam Schulting de kopposysje oer en dy joech se net mear ôf. Xandra Velzeboer einige as twadde, krekt foar Rianne de Vries. Schulting wûn yn 2017 en ferline jier ek al goud op de koartste shorttrackôfstân. It is nei 2017 en ferline jier ek de tredde nasjonale titel foar Schulting op de 1000 meter. De shorttrackster fan De Tynje kaam yn de finale eins net yn de problemen. In pear rûntsjes foar de ein kaam se mei in fersnelling, dy’t te machtich wie foar de oare fjouwer rydsters. Dêrtroch wûn Schulting úteinlik mei in lyts gatsje foar nûmer twa Selma Poutsma. De striid om it tredde plak gie tusken de suskes Xandra en Michelle Velzeboer, wêrby’t Xandra justjes rapper wie. Rianne Vries einige fiifde.

Boarne: Omrop Fryslân

desimber 13, 2020 16:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.