Rutte fannijs ûndúdlik oer ferplichte karakter nije koroanamaatregels

desimber 14, 2020 20:47

Om foar te kommen dat it koroanafirus fierder wreidet, hat it regear moandei besletten dat in soad winkels ynearsten ticht moatte. Dat hat premier Mark Rutte yn in telefyzjeboadskip buorkundich makke. Lykas earder makke er dêrby net goed dúdlik hokker “maatregels” wetlike ferboaden binne en hokker net.

Reizgjen nei it bûtenlân bliuwt tastien en der komt ek gjin maksimum oan it tal gasten dat minsken binnen de grinzen fan ‘e wet thús oer de flier hawwe meie. Rutte joech wol in “dringend advies” om net mear as twa gasten deis te ûntfangen, mar heakke dêroan ta: “We maken wel een uitzondering voor Kerst. Op 24, 25 en 26 december blijft drie het maximum.” Dat heart as in ferplichting en de media hawwe Rutte syn útspraken dan ek ferskillend ynterpretearre: it AD skriuwt dat it kabinet “aanraadt” om sa min mooglik gasten te ûntfangen, wylst de NOS skriuwt: “Op 24, 25 en 26 december mag het aantal bezoekers van 2 naar 3 per dag”. De Ljouwerter Krante fette Rutte syn advys ek as in ferplichting op en skriuwt: “Mensen moeten thuis afzien van bezoek , waar dat kan. Het maximum wordt  twee personen , binnen en buiten, kinderen onder de 13 jaar uitgezonderd.  Behalve met kerst : alleen op 24, 25 en 26 december is het aantal van  drie  toegestaan.” En Omrop Fryslân skriuwt ûnder de kop ‘Dit mei noch wol’: “Op 24, 25 en 26 desimber meie je thús trije minsken fan 13 jier of âlder ûntfange”.

Earder sei Rutte ek al in pear kear dat der in maksimum wie oan it tal gasten dat minsken thús oer de flier hawwe mochten, wylst dat net wier wie. Dêr krige er doe kommentaar op fan juristen, wêrûnder de Grinzer rjochtswittenskipper Jan Brouwer.

Kappers, skouboargen, bioskopen, sportskoallen, swimbaden en skoallen moatte ticht. Itenswinkels meie wol iepen bliuwe. Dat jildt ek foar de praktyk fan fysioterapeuten, toskedokters en oare medyske beroppen. Jongelju meie noch wol binnendoar sporte, minsken fan achttjin jier en âlder net mear. Bûtendoar sporte bliuwt wol tastien. Tsjerken meie iepen bliuwe, boumerken net. Winkels mei wol in ôfheltsjinst ynstelle.

Wat reizen nei it bûtenlân oanbelanget, riedt Rutte ek oan om se te beheinen ta wat needsaaklik is.

Oer it ynstellen fan in jûnsklok op Aldjiersjûn hat de premier it net hân.

desimber 14, 2020 20:47
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Nanne Hoekstra desimber 14, 22:34

    De premier sette by de thúsmaatregels útein mei: “Het dringende advies wordt thuis per dag niet meer dan twee gasten vanaf 13 jaar te ontvangen.” Doe’t er fierder prate, like it yndied krekt as is it om in ferplichting te rêden. Mar dat is it dus net. Alteast gjin wetlike. Faaks al in morele.

  2. Abe desimber 15, 11:16

    Noch mar wer ris in ferkapte oantrún om jin mar net oan de koroana-advizen fan de oerheid te hâlden?

  3. Cor Jousma desimber 15, 16:27

    Ik tink dat de skriuwer leaver mei de Oeigoeren ruilje wol kwa dúdlikens. Yn Sina is alles grif better regele…

  4. Jabik desimber 15, 17:56

    Wêr eamelt de skriuwer fan it artikeltsje eins oer. Dat Rutte ús net behannelt as lytse bern mar in berop docht op it sûne ferstân wurdt him kwea ôf nommen. Ik bin it hielendal mei Cor iens: wolle wy achter elke hage in plytsjeman?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.