Prototype Starship SpaceX eksplodearret by lâning

desimber 11, 2020 08:53

Foto: Wikipedia/SpaceX – publyk domein

In prototype fan de Starship-raket fan romtefeartbedriuw SpaceX is by de lâning eksplodearre. Dat barde koart nei in testlansearring by it Amerikaanske plak Boca Chica, yn ’e steat Teksas.

De raket wie in prototype dat troch Elon Musks bedriuw ûntwikkele is om minsken en fracht yn takomstige missys nei Mars en nei de moanne te ferfieren. Nettsjinsteande de eksploazje sprekt SpaceX fan in slagge test.

De ûnbemanne raket eksplodearre doe’t er in lâningsplatfoarm rekke nei in kontrolearre delgong. De bedoeling fan de testflecht wie om in hichte fan sa’n 12,3 kilometer te berikken, foar it earst oandreaun troch trije fan de nije troch SpaceX ûntwikkele Raptor-motoaren. De beëage hichte waard neffens de berjochten berikt.

Musk skriuw fuort nei it ynsidint op Twitter dat de druk yn ’e tank fan de brânjekop fan de raket leech wie by it delgean en dat de raket dêrtroch in hurde lâning makke. Musk heakke dêroan ta dat SpaceX by de test alle data sammele hat dy’t it nedich hat. Hy wie dan ek tige optimistysk oer in missy nei Mars.

desimber 11, 2020 08:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.