Prinsessehôf siket minsken mei Koreaanske eftergrûn foar panelgroep

desimber 31, 2020 10:15

Fan 16 oktober 2021 ôf organisearret Keramykmuseum Prinsessehôf yn Ljouwert in grutte Korea-útstalling. It museum wol in klankboerdgroep foarmje fan leden mei in Koreaanske eftergûn.

Prinsessehôf (foto: Ruben van Vliet)

Minsken dy’t yn Korea berne binne, of dy’t (foar)âlden hawwe dy’t yn Korea berne binne of har op in oare wize mei it lân en de kultuer ferbûn fiele, wurde útnûge te reagearjen. De groep fan acht oant tsien minsken kriget in unyk ynsjoch efter de skermen. Njonken eksklusive presintaasjes fan de konservator is de klankboerdgroep meiferantwurdlik foar it tastânkommen fan in grutte eksposysje.

De panelleden tinke mei en jouwe ynbring op de plannen foar de útstalling, fan ynhâld oant foarmjouwing en fan marketing oant râneprogrammearring. As tank foar it meidwaan biedt it museum ferskate ekstra’s, lykas frijkaartsjes foar de útstalling foar freonen en famylje, it fergees meidwaan oan de aktiviteiten, in útnûging foar de VIP-iepening, de útstallingskatalogus en mear. Trije à fjouwer kear wurdt in berop dien op de klankboerdgroep yn sesjes fan febrewaris oant maaie 2021. Reiskosten (binnen Nederlân) wurde fergoede en foar hapkes en drankjes en gesellichheid wurdt soarge. It museum hâldt him oan de koroanamaatregels fan it RIVM, mar by foarkar binne de gearkomsten op lokaasje yn it museum yn Ljouwert, wannear’t dat mooglik is.

It nasjonaal Keramykmuseum is op syk nei in panel dêr’t ferskate âldens, beropsgroepen en eftergrûnen yn fertsjintwurdige binne. Dy’t him yn it profyl werom ken en it nijsgjirrich fynt, wurdt frege om foar 11 jannewaris 2021 in berjocht te stjoeren fia communicatie@princessehof.nl, mei yn de ûnderwerprigel: ‘Klankbordgroep Korea’.

National Museum of Seoul en Folkekunde
Yn ’e útstalling fan 16 oktober 2021 o/m 4 septimber 2022 leit Keramykmuseum Prinsessehôf in rike en iuwenâlde kultuer bleat. It museum lit de lange foarskiednis fan Korea sjen, dêr’t keramyk altyd in wichtige rol yn spile hat. Dêrmei krûpt it ûnder it oerflak fan it klisjeebyld. Tema’s as ytkultuer, skjintme-idealen en rituelen wurde beljochte oan ’e hân fan topstikken út it National Museum of Korea yn Seoul en Museum Folkekunde yn Leien.

desimber 31, 2020 10:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.