OSF-senator Gerbrandy wol dat elke learaar diploma foar Frysk hat

desimber 20, 2020 19:55

OSF-senator Germ Gerbrandy tinkt dat it Frysk allinnich takomst hat, as alle masters en juffen it foech Frysk ha. “Dat moatte wy foar it basisûnderwiis ferplichtsje. As twadde stap moat dan it fuortset ûnderwiis folgje.”

Gerbrandy die syn útspraken by Omrop Fryslân yn It Nijsfoarum. Hy is wiis mei de stipe dy’t it Frysk krijt út Brussel en Den Haag wei, mar tinkt dat it dochs écht fan de Fryske âlden sels komme moat. “Want dêr begjint it!”. Ik sjoch dat it by de wat âldere bern bêst aardich giet, mar oer de taalûntwikkeling by de jongste bern, bin ik somber.”

Gerbrandy tinkt oan in oergongsregeling om nei it ferplichte foech ta te groeien, mar “útgongspunt moat wêze dat jo hjir net foar de klasse komme kinne as jo dat foech net ha. Om it wat oantrekliker te meitsje, soe der miskien in ekstra materiële fergoeding tsjinoer stean kinne. Mar sa’n ferplichting is in basis-elemint om it Frysk takomst te jaan!”

Conrad Berghoef, dosint fan Friese Poort yn Drachten en ien fan de oare foarumleden, neamde de útspraken fan Gerbrandy ‘pittich’, mar sjocht ek dat it fak Frysk no faak “op zolder geparkeerd wordt. En dat moet niet.”

Boarne: Omrop Fryslân

desimber 20, 2020 19:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.