Organisaasje Invictus Games siket digitale oplossing
Resint ferskynd
De organisaasje fan de Invictus Games yn De Haach set him noch hieltyd yn om de spullen takom jier trochgean te litten, ek no’t de dielnimmers út Australië, Nij-Seelân en Jordanië fanwege de koroanapandemy gjin tastimming krije om nei De Haach te kommen.
“Nettsjinsteande it teloarstellende nijs oer de reisbeheiningen stelle we alles yn it wurk om de Invictus Games De Haach 2020 op basis fan tweintich dielnimmende lannen del te setten”, seit organisator Connie Wenting. Hja hopet dat sporters dy’t net komme kinne mei help fan digitale techniken dochs meidwaan kinne. Hoe’t dat moat, wurdt letter bekend.
De Invictus Games is in sportevenemint foar militêren en âld-militêren dy’t by harren wurk psychysk of lichaamlik letsel oprûn hawwe. De edysje fan dit jier, yn De Haach, waard yn maart fanwegen de koroanpandemy in jier útsteld. De spullen begjinne no op 29 maaie takomme jier en duorje in wike.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje