OPROP! WEKKER WURDE! OPROP! 

desimber 7, 2020 18:34

No wer de Waadhoeke! De safolste tebeksetter en grutte teloarstelling foar it Frysk. Ús taal (it Frysk) en ús folk (de Friezen) binne (ynter-)nasjonaal offisjeel erkend, mar ‘de polityk’ lit it algeduerigen en foar it grutste part ôfwitte as it giet om in flotte en effektive ynfiering fan ús rjochten.

Ús natuerlik rjocht op offisjele Frysktalige plaknammen en in lykweardich en lykberjochtige plak fan ús taal yn it offisjele ferkear wurde yn hiel wat gemeenten hieltiten mar wer skeind.

Ús wetlik rjocht op in ‘oanmerklik’ (‘substansjeel’) oanpart fan it Frysk as fak- en fiertaal (neffens Mercator mear as 6 oeren wyks) yn it primêr ûnderwiis is fêstlein yn in ynternasjonaal ferdrach (it ‘Europeesk Hânfêst’), mar it wurdt net yn- en útfierd.

Ús wetlik rjocht op eigen Frysk skiednisûnderwiis wurdt yn de praktyk net honorearre mei learplannen, kearndoelen, toetsings en eksamens.

It hieltiten mar wer skeinen fan ús grûnrjochten troch politisy en bestjoerders freget dus driuwend om it iepenjen fan in ‘juridysk front’ fan betûfte juristen en advokaten dy’t de striid dêrfoar oangean wolle. Yn dat ramt sil der ek in ‘juridysk fûns’ komme moatte om de kosten te hoedzjen. Wa wol meihelpe om sa’n ‘front’ en sa’n ‘fûns’ fan de grûn te krijen en in ein te meitsjen oan de strukturele diskriminaasje fan it Frysk en fan de skiednis fan de Friezen? Wer bliuwe ús juristen mei hert foar de Frysk saak? Jo soene jo meiwurking bygelyks kenber meitsje kinne by: sistsiis@hotmail.com en/of ffupost@hotmail.com. Sa’t it no giet, kin it net langer!!!

Sytze T. Hiemstra
Drachten

desimber 7, 2020 18:34
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Cor Jousma foar de Topografyske Wurkgroep Fryslân desimber 8, 11:24

    [No wer de Waadhoeke! De safolste tebeksetter en grutte teloarstelling foar it Frysk.]

    Net te swier! Yn it jier foar de weryndieling hawwe Elzinga en ús wurkgroep ôfpraat, dat wy mei in proefproses foar in ynhâldlike behanneling geane.

    Wy sykje no nei mooglikheden om dêrta te kommen.

    Mei de PTT hat de wurkgroep earder njoggen jier yn ‘e slach west. En dat is allegearre goed kaam…

  2. Jan Andringa desimber 9, 19:09

    As Bilkert bin ik flak teugen deuze stelling.
    Wy leve in Nederland, dus die plaknamen eerst en der onder om my ’t Frys of Bildts of wat anders. ’t Komt ok heelndal overeen met wat fast lait is. Nederlands eerste taal, Frys tweede taal. De ferfriesing gat my fuel te feer.

    Jan Andringa, St.Anne.

  3. Erwin2.0 desimber 10, 10:56

    Bêste Jan,

    It Frysk is de iennichste oarspronklike lânseigen taal. It Biltsk beskôgje ik ek sa. It Nederlânsk is wat fan de lêste fyftich jier en wurdt ús oplein troch drammers. Ferskriklike minsken mei net folle each foar de taalpraktyk. Sy tinke dat sy as iennichste de wierheid kinne en sy fine dat se altyd gelyk hawwe.

    Lytse talen moatte har plak witte, en oars doochsto net. Sa dogge de Nederlanners it dochs?

    Gelokkich wurde hieltyd mear jonge Friezen wekker.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.