Oprop foar Fryske keunstners

desimber 29, 2020 09:07

Bries, in gearwurking tusken keunstinisjatyf VHDG en it Frysk Museum, ropt keunstners op te reagearjen op de ôfrûne tiid. De oprop is foar keunstners dy’t yn Fryslân wurkje en/of wenje. Fan de ynstjoerings sille seis keazen wurde dy’t ein jannewaris 2021 ûnderdiel wurde fan in posterkampanje troch hiel Fryslân. De winnende keunstners krije in honorarium fan € 1.600. Ynstjoere kin oant en mei 11 jannewaris 2021 fia bries@friesmuseum.nl.

Ofbylding: Frysk Museum/VHDG/Bries

In poadium foar en oer de hjoeddeiske keunst yn Fryslân: dat is Bries. De gearwurking fan keunstinisjatyf VHDG (Voorheen De Gemeente) en it Frysk Museum wol foar dialooch, diskusje en ynspiraasje soargje yn de hjoeddeiske Fryske keunstwrâld. Mei de oprop siket Bries Fryske keunstners dy’t reagearje op dizze tiid en harren fyzje foar de takomst diele. It giet by foarkar om nij wurk, dêr’t keunstners yn reagearje op (ien fan) de folgjende fragen:

Hokker loftspegeling ynspirearret ús en is it wurdich om ferbylde te wurden? Is de koroanakrisis te beskôgjen as in straf foar ús sûnden? (Sa ja, hokker?) Bringt de krisistiid ús ek wat goeds? Wat stiet ús te dwaan as de koroanaweagen aanst wer tebekwike? Wêrnei moatte wy eventueel weromgripe? Hoe sjogge jo de takomst foar ús allegear?

Foto: Ruben van Vliet

Ynspirearje
Seis ynstjoerings binne aanst oeral yn Fryslân te sjen. Op buorden by de dyk lâns, op posters efter ruten en yn it strjitbyld. Bries wol dêrmei ynspirearje en oan it tinken sette. As ferfolch op de posters organisearret Bries yn 2021 in searje hagepreken. Dêrby rjochtet Bries him op frije tinkers dy’t in útsprutsen miening hawwe oer hjoed-de-dei en de takomst. De hagepreken binne ferdjipjende middeis yn ’e iepen loft mei fyzjes op keunst, kultuer en maatskippij mei prikeljende, teatrale komponinten.

Meidwaan?
It wurk moet foar 11 jannewaris 2021 ynstjoerd wurde fia bries@friesmuseum.nl. Ynstjoerings wurde beoardiele troch in sjuery besteande út B.C. Epker, keunstner, Hanne Hagenaars, konservator moderne en aktuele keunst fan it Frysk Museum en Agnes Winter, direkteur fan VHDG. Mei’t de seis winnende bylden ûnderdiel útmeitsje sille fan in posterkampanje, wurdt de keunstners frege rekken te hâlden mei in steand posterformaat.

Alle praktyske ynformaasje stiet op www.friesmuseum.nl/opencall en www.vhdg.nl/opencall.

desimber 29, 2020 09:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.