Op ’en paad mei Johannes Herder

desimber 30, 2020 12:06

Fan It Fryske Gea

Op oantrúnjen fan de Ried fan de Fryske Beweging sil It Fryske Gea tenei yn syn ledemagazine altyd in Frysktalich artikel opnimme. Understeand artikel stie yn it lêst útkommen magazine. It Fryske Gea is in belangrike organisaasje dy’t hoedet oer in grut tal natuergebieten en dy’t der alles oan docht om dy foar it publyk tagonklik te hâlden, benammen ek no, no’t de koroanamaatregels it dreech meitsje om ûntspanning bûten de doar te finen. 

“Fan berop bin ik in techneut, mar djip yn myn hert bin ik noch mear in natuerman. Ik fyn it dan ek geweldich om yn myn frije tiid frijwilliger foar It Fryske Gea te wêzen.” Oan it wurd is Johannes Herder (63), natuergids yn de Makkumersúdwaard. 

Johannes Herder yn de Makkumer Súdwaard. Foto © It Fryske Gea

“Ik bin net in alwittende gids”, jout Johannes fuortendaliks ta. “Mar dat hoecht ek net. Myn filosofy – en dy fan It Gea gelokkich ek – is dat it by ekskurzjes foaral om natuerbelibbing giet. Kennisoerdracht komt op it twadde plak. As ekskurzjelieder hoege jo echt net in monolooch fan in oere te hâlden, dat is net allinne saai, der bliuwt ek neat fan hingjen. Ik freegje de dielnimmers dus altyd om foaral ek sels ynput te jaan, troch waarnimmingen en kennis te dielen, leare jo fan inoar.”

Trije jier lyn ferhuze Johannes nei Makkum en ûnduts doe al gau de Súdwaard. “It is sa’n moai gebiet, der is altyd fan alles te sjen. Untelbere oantallen fûgels, it wetter dat de slinken yn- en útstreamt, de fiergesichten oer de mar en in walhalla oan wylde blommen mei as hichtepunt de orchideeënsee yn juny. Eins soene folle mear minsken dit prachtige stikje natuer kenne moatte.”

Kursus
Dus folge Johannes yn ’e winter fan 2019 in gidsekursus fan It Fryske Gea. In praktyske kursus dy’t behalve op natuerkennis ek yngie op presintaasjefeardichheden en it oefenjen fan waarnimmen (sjen, rûke, hearre en fiele). “Undertusken gean ik ien kear yn ’e oardel moanne mei in groep op paad. De Makkumersúdwaard is myn haadgebiet, mar ik fal ek yn yn de Noardwaard of oare gebieten.” Yn dizze koroanatiid binne der ek online ekskurzjes en  fynt er ek in moaie útdaging. Fan ’t hjerst die er dat bygelyks yn de Rysterbosk foar de Gaasterlandse Natuurweek.

Fûgelwachters
Flak foar in ekskurzje makket er earst sels in rûntsje troch it gebiet om te sjen hoe’t it derby leit. Opfallende saken lykas in ûlebal, foksekeutels of in oanfretten bist ûnthâldt er dan. “Sa doch ik foldwaande brânstof op. Somtiden brûk ik dy foarynformaasje hielendal net; as natuergids moatst foaral antisipearje op dat wat der yn ’e natuer of yn ’e groep bart. Sa late ik ferline jier fyftjin fûgelwachters rûn. Sokke manlju witte fansels alles fan fûgels en wolle dêr dan ek foaral op yngean ûnder sa’n ekskurzje. Krekt dy deis wiene der lykwols amper fûgels te bekennen. Dus frege ik foarsichtich oft ik harren mear fertelle mocht oer planten. Mei de app PlantNet learden se hoe’t se planten weromkenne kinne en hoe’t te hjitte. Binnen de koartste kearen leine dy stoere aaisikers yn harren kamûflaazjeklean plat op ’e búk tusken de blommen om planten te fotografearjen.” Laitsjend: “Machtich fyn ik soks!”

 

 

desimber 30, 2020 12:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.