Online Banemerk Fryslân striidt tsjin wurkleazens
Resint ferskynd
- CDA pleitet foar mear tiid om stikstofdoel te heljen 0
- Kulpomper jout himsels by plysje oan 0
- Sjongeres Taylor Swift útroppen ta ‘grutste bekende fersmoarger’ om gebrûk priveefleantúch 0
- Swalkjende Bosk nei definitive plantlokaasjes brocht 0
- Strjitnammebuorden oanlieding foar nije Spaanske taalstriid 0
Fryslân Werkt!, it gearwurkingsferbân fan oerheid, ûnderwiis, UWV, SW-bedriuwen en sosjale partners yn Fryslân, organisearret op 15 desimber fan 10.00 oant 13.00 oere de alderearste edysje fan de Online Banemerk Fryslân. Dat is in LinkedIn-groep dêr’t wurkjouwers, intermediairs, wurkbegelieders en útstjoerburo’s út Fryslân fakatueren diele kinne en wurksykjenden persoanlike presintaasjes meitsje kinne om harsels te profilearjen. It doel is om de perfekte match tusken wurkjouwer en wurksykjende mooglik te meitsjen.
Mear WW-útkearingen yn tiden fan koroana
De online banemerk wurdt organisearre nei oanlieding fan it sukses fan earder organisearre online banemerken, wêrûnder dy yn Twente. Mei de Fryske online edysje wol Fryslân Werkt! de kânsen op it finen fan wurk yn tiden fan koroana fergrutsje foar wurksykjenden yn Fryslân. UWV (2020) berjochtet dat Fryslân ein oktober 10.216 WW-útkearingen telde. Troch de koroanakrisis binne de kânsen op wurk foar bepaalde beroppen minder wurden, lykas foar de kultuersektor, fasilitêre sektor en hoarekasektor. Yn de Nederlânske hoareka namen de WW-útkearingen yn de koroanatiid mei 96 prosint ta.
Fierdere ynformaasje oer de online banemerk
Yn de LinkedIn-groep ‘Online Banenmarkt Friesland’ kinne altyd fakatueren en bydragen pleatst en dield wurde. Op 15 desimber fan 10.00 oere oant 13.00 oere wurdt de LinkedIn-groep in live-oangelegenheid dêr’t de measte wurkjouwers, intermediêrs, wurkbegelieders en wurksykjenden online binne om daliks ynteraksje mei-inoar oan te gean. De fakatueren bliuwe nei dy datum noch in skoft yn de groep stean.
Oanmelde foar de online banemerk
Mei in LinkedIn-profyl kin elkenien dy’t it oangiet lid wurde troch op de ‘Lid wurde’-knop fan de groep te klikken. De groep is te finen troch op ‘Online Banenmarkt Friesland’ te sykjen yn de LinkedIn sykbalke, of troch daliks op dizze link te klikken.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje