Omtinken foar radioreklamepriis yn radioprogramma

desimber 21, 2020 11:07

It radioprogramma Muzyk yn bedriuw fan Omrop Fryslân bestege hjoed omtinken oan de Fryske Reklamepriis.

Op dit stuit kin elkenien stimme op trije nominearre kandidaten foar de moaiste Frysktalige radioreklame. Foarsitter Pier Bergsma fan de Ried fan de Fryske Beweging ljochte fan ‘e moarn yn in koart petear mei radiopresintator Geert van Tuinen ta dat de priis bedoeld is om te stimulearjen dat de Fryske taal brûkt wurdt by it meitsjen fan reklame op radio, televyzje en ynternet. Hoewol’t de Fryske Reklamepriis al sûnt 1995 bestiet, ornearret de Ried dat soks noch hieltyd te min dien wurdt. Bergsma gie yn it radiopetear ek in tal oare aktiviteiten fan de Fryske Bewegers efkes bydel.

It programma is hjirre werom te beharkjen. It petear sette om 9.43 útein (tusken de lieten Fries Om Utens fan Rolling Home en Lyts Meager Wyfke fan Marjan Fennema).

Oant en mei Aldjiersdei kin der stimd wurde op de side fan de Fryske Reklamepriis.

desimber 21, 2020 11:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.