Ofhelrestaurant ûntdutsen yn Pompeï
Resint ferskynd
Archeologen hawwe yn de âlde Romeinske stêd Pompeï in yttinte útgroeven. Neffens Italiaanske media giet it om in ‘thermopolium’, dêr’t eartiids iten en drinken ferkocht waard oan foarbygongers.

Pompeï (foto: Wikipedia/Mentnafunangann – CC BY-SA 3.0)
De kleurrike fresko’s op ’e toanbank binne goed bewarre bleaun. Op ’e sydkanten binne skilderingen fan bisten te sjen, lykas in hoanne en in ein. Undersikers troffen yn potten itensrêsten oan fan ûnder oare fisk en slakken. De havenstêd besuden Napels waard yn it jier 79 oerfallen troch in útbarsting fan de fulkaan Vesuvius en dêrtroch waard de stêd bedutsen ûnder in tsjokke laach jiske. De rêsten fan de stêd bleaune dêrtroch goed bewarre. Yn Pompeï wiene ferskate yttinten. De kwaliteit fan de skilderingen is lykwols bysûnder, want elts detail is bewarre bleaun. De skilderingen litte sjen hoe’t winkeliers troch dekoraasje besochten omtinken fan klanten en foarbygongers te lûken.
Yn it gebou waarden twa liken fan manlju fan yn ’e fyftich fûn. Nei alle gedachten waarden se eartiids troch de útbarsting oerfallen.
It archeologysk fynplak is fanwege de koroana ticht en sil yn ’e maitiid wer iepen foar publyk, as de maatregels it talitte. It thermopolium sil dan ek iepensteld wurde foar besikers.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje